Geartsje de Vries

juny 10, 2021 11:54

Ynstjoerd

Mei wille haw ik lêzen oer de solofoarstelling Dûzelich fan Geartsje de Vries út De Wylgen. Fryslân telt net safolle froulike kabaretiers en it liket derop dat Geartsje har derby foeget. Ik winskje har in protte sukses!

Hoe dan ek, in moaie opstekker foar it Frysk. Mar dêrom kaam de ein fan it artikel as in skok by my binnen: “Myn soan sei al: ‘Mama, je bent zo wel heel snel uitverkocht.’” Betsjut soks dat it Frysk fan Geartsje beheind is ta toanielfoarstellingen en bringt hja har bern Hollânsktalich op? It oerlibjen fan in bedrige minderheidstaal as it Frysk hinget benammen ôf fan de oerdracht fan de taal troch âlden op bern, as dat net mear bart giet de taal nei gychem. Dêr kin gjin Frysk ûnderwiis op skoalle tsjin op. Hoe wichtich Geartsje har toanielfoarstellingen ek binne foar it Frysk, it soe noch better wêze as sy yn de thússituaasje it brûken fan it Frysk ek stimulearret. As it Frysk net mear brûkt wurdt, hawwe foarstellingen yn dy taal ek gjin doel mear.

Jehannes Elzinga
Frjentsjer

juny 10, 2021 11:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.