FryslânDOK: ‘The good, the bad and the internet’

juny 11, 2021 08:42 Fernijd

Jonge hackers krije begelieding yn etysk hacken, mei as doel dizze ‘first offenders’ op it rjochte paad te krijen en yn te setten tsjin hackers. De FryslânDOK ‘The good, the bad and the internet’ is te sjen op 12 juny by NPO2 en op 13 juny by Omrop Fryslân.

Foto: Omrop Fryslân

Plysje en justysje komme hieltyd faker jongelju tsjin dy’t har skuldich meitsje oan hacken. Kompjûters en sels komplete netwurken wurde kreake en misbrûkt. Hackers wurde ferlaat troch it grutte jild, wolle ynformaasje sammelje of dogge it soms suver foar de útdaging. Se realisearje har net wat de gefolgen wêze kinne en hoe grut oft de skea is. Yn Fryslân wiene koartlyn ek in pear grutte hacksaken. Begjin 2020 waard it dataferkear fan it sikehûs MCL yn Ljouwert platlein. It ynstitút foar wettertechnology Wetsus hat in wike lang hackt west en betelle de hackers losjild yn bitcoins.

Etysk hacke
Cyberkriminaliteit hat grutte gefolgen foar de maatskippij. Bedriuwen en oerheden dogge der alles oan om harren feilichheid op it ynternet te ferbetterjen. Der binne inisjativen om jongelju op te lieden yn ‘etysk hacken’: kwetsberheden yn kompjûtersystemen opsykje en dat melde oan de eigener. Sa soene jonge talintfolle hackers de maatskippij just helpe kinne.

Foto: Omrop Fryslân

Hack Right
Om jongelju dy’t oer de skreef geane net allinnich te straffen mar ek te begelieden, hawwe plysje en justysje ‘Hack Right’ ûntwikkele. Mei as doel om dy ‘first offenders’, de jongelju dy’t foar it earst mei justysje yn oanrekking komme, op it rjochte paad te krijen én te hâlden. Foar guon leit der miskien wol in baan as etysk hacker yn ‘e takomst.

Hacklab
Yn de FryslânDOK ‘The good, the bad and the internet’ portrettearret programmamakker Wilfried Bijma in jonge hacker dy’t it Hack Right-trajekt folget, yn ôfwachting fan syn rjochtsaak. Bijma sjocht ek achter de skermen by it Hacklab yn Ljouwert. Jongelju krije dêr begelieding yn etysk hacken, ûnder oaren fan cyberspesjalist Erik Rutkens.

Foto: Omrop Fryslân

FryslânDOK ‘The good, the bad and the internet’
Sneon 12 juny, 15.30 oere, NPO2 (werhelling 13 juny 13.10 oere)
Snein 13 juny, 17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)

juny 11, 2021 08:42 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.