Frysktalich tekenteltsje fertelt bern yn Sealterlân wat se by brân dwaan moatte

juny 18, 2021 13:38

As der brân útbrekt, kinne de bern yn de Dútske gemeente Sealterlân tenei yn de eigen taal lêze wat hja dwaan moatte. Alle skoallen yn it lytse Frysktalige gebiet krije nammentlik twatalige posters dêr’t op stiet wat men by brân dwaan moat. Links stiet it yn saaklik Dútsk, rjochts yn tekenteltsjefoarm yn it Sealterfrysk.

De posters binne in inisjatyf fan ferskate oerheden en fersekeringsmaatskippijen. Spesjaal foar de aksje is it famke Pika ûntwurpen, dat de bern fertelt wat se dwaan moatte. Yn oare Dútske regio’s ferskine ferlykbere posters mei teksten yn it Dútsk en Nedersaksysk. Se meitsje diel út fan in kampanje om bern fia de eigen taal op ‘e gefaren fan fjoer te wizen. Meikoarten folgje mear materialen, wêrûnder in foarlêsboek oer brân.

juny 18, 2021 13:38
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Erwin2.0 juny 21, 15:57

    Net allinnich Nedersaksysk. Grif ek yn it Plat fan Sleeswyk-Holstein en in pear oare dialekten. 🙂

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.