Fryske mbû’s krije jild foar Frysk ûnderwiis

juny 19, 2021 09:22

Foto © Provinsje Fryslân

Skoallen foar middelber beropsûnderwiis (mbû) yn Fryslân kinne yn de kommende trije jier jild krije foar it oantugen fan lesmateriaal Frysk. De provinsje Fryslân, dy’t fan it ministearje fan Underwiis dêr jierliks 100.000,- euro foar kriget, ferpartet dat.

Foar it Frysk yn it basis- en it fuortset ûnderwiis is al in tal jierren jild beskikber. Fia de Materiële ynstânhâlding Frysk (MYF) kinne de skoallen alle jierren foar in beskaat bedrach lesmateriaal foar Frysk ûnderwiis oanskaffe. Sa’n finansjele kompensaasje bestie lykwols noch net foar it mbû. Dêr is it Frysk gjin ferplichte fak, mar de learlingen krije dêr letter faak wol op it wurk of privee mei te meitsjen.

Mbû-studinten koene de ôfrûne jierren al foar in kardiel Frysk kieze. De lêste tiid kriget it Frysk in bettere posysje yn it fêste lesoanbod en yn staazjes. Mei it projekt Taalplan Frysk 2030 wol de provinsje it Frysk yn it mbû foar alle studinten noch fierder ferstevigje. Mei de nije regeling foar it mbû follet it ministearje ien fan de ôfspraken út de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer yn.

juny 19, 2021 09:22
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.