Frysk Museum keapet ets Rembrandt oan
Resint ferskynd
It Frysk Museum hat in ets fan Rembrandt van Rijn oankocht. It giet om in postúm portret fan dûmny Jan Cornelis Sylvius út 1646. De ets toant de oantroude neef fan Rembrandts frou Saskia. It is de earste echte Rembrandt yn de kolleksje fan it Frysk Museum. It portret, dat oankocht waard mei stipe fan de Freonen fan it Frysk Museum, is fan 11 septimber ôf te sjen yn de útstalling Icons: topstikken út de National Portrait Gallery.
Jan Cornelis Sylvius
Johannes (Jan) Cornelis Sylvius wurdt yn 1564 berne yn Amsterdam. Yn 1588 ferruilet er syn brûzjende bertestêd foar Frjentsjer. Dêr wurdt er oan de pas iepene universiteit oplaat ta predikant. Hy boasket mei Lucia Sixti, dochter fan syn prefester teology. It pear kriget twa bern: Maria en Cornelius. It dochterke ferstjert jong en yn it kreambêd fan harren twadde bern stjert ek Lucia. In jier letter, yn 1595, wertrout Jan Sylvius mei Aeltje Uylenburgh út Ljouwert, de âldere nicht fan Rembrandts frou Saskia Uylenburgh. Ut dat houlik folgje nochris tsien bern, dêr’t ferskate fan jong stjerre – in werkenber fertriet foar Rembrandt en syn frou. Nei jierren yn Fryslân wurke te hawwen, giet Jan Sylvius yn 1604 mei syn hûshâlding nei Hollân werom, dêr’t er dûmny fan Sloten en Sloterdijk wurdt en letter as predikant yn Amsterdam wurket. Dêr fungearret it pear Sylvius-Uylenburgh as stipe en taferlit fan Rembrandt en Saskia.
Icons
Fan 11 septimber 2021 om 9 jannewaris 2022 lit it Frysk Museum de bekendste (sels)portretten sjen út de yndrukwekkende kolleksje fan de National Portrait Gallery út Londen. Icons: topstikken út de National Portrait Gallery toant skilderijen, foto’s, bylden, printen en tekeningen fan bûtengewoane keunstners wrâldwiid, fan Peter Paul Rubens, Anthony van Dyck en Joshua Reynolds oant Andy Warhol en Marlene Dumas. De ets fan Rembrandt is yn Icons foar it earst te sjen.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje