Frouljusblêd Viva hâldt op

juny 18, 2021 08:43 Fernijd

Boarne: Wikipedia/Viva.nl – CC BY-SA 2.5 nl

Wykblêd Viva hâldt op. Ein july wurdt de lêste edysje útjûn. Besibbe merken, lykas Viva Mama en it Viva Forum, ferdwine ek. Utjouwer DPG Media skrast de titel, mei’t it tal abonnnees al jierren weromrint.

“It stopsetten fan dit fantastyske blêd is spitigernôch net te mijen”, seit haadredakteur Debby Gerritsen. Hja sjocht werom op in “prachtige perioade fol relevante, fernijende, taboetrochbrekkende ferhalen, dy’t bydroegen hawwe oan de ûntwikkeling fan de jonge Nederlânske frou. Elkenien ken Viva, fan de bewuste jonge frou oant de bakker om ’e hoeke en it Binnenhof.”

Viva ferskynde op 7 oktober 1972 foar it earst, as opfolger fan it frouljusblêd Eva. Mei Viva waard in progressiver tydskrift yn ’e merk set, dêr’t ferhalen oer wurk, seks en relaasjes yn te lêzen wiene, ôfwiksele mei moade- en reisreportaazjes.

juny 18, 2021 08:43 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.