Fisker seit dat er opslokt en útspuid is troch in bultrêch

juny 13, 2021 08:57

In Amerikaanske kreeftefisker seit dat er opslokt is troch in bultrêch en dêrnei útspuid. Hy is inkeld lichtferwûne rekke. Eksperts sprekke fan in wûnder, skriuwe Amerikaanske media.

Bultrêch (foto: pixabay.com)

“Ik wie oan it dûken nei kreeften doe’t in bultrêch besocht om my op te iten”, skriuwt Michael Packard (56) op sosjale media. “Ynienen waard it roettsjuster.” Yn earste ynstânsje tocht de fisker dat er troch in haai oanfallen wie, mar hy fielde gjin skerpe tosken en hie gjin ferwûnings.

“Doe tocht ik: o, myn god, ik sit yn ’e bek fan in walfisk en hy sil my trochslokke”, fertelt Packard. “Ik tocht dat ik deagie. Ik ha wat blauwe plakken, mar gjin brutsen bonken”, seit er. Hy koe sykhelje troch de parseluchtflesse dy’t er noch meidroech. Packard tinkt dat er tritich sekonden yn ’e bek fêstsiet. “Ik seach ljocht en doe begûn er mei de kop te skodzjen en foar’t ik it wist, lei ik wer yn it wetter.” Hy waard troch syn kollega’s rêden. Ien fan harren seit dat er seach dat de walfisk Packard útspuide.

Ferkeard plak op ferkearde momint
Jooke Robbins fan it Sintrum foar Kuststúdzjes yn Provincetown docht ûndersyk nei bultrêgen. Hja seit net oan it ferhaal fan Packard te twiveljen. “Ik tink net dat er it ferhaal optocht hat, want ik ken de minsken dy’t derby belutsen wiene”, seit se tsjin parseburo AFP. Hja seit dat se net earder oer sa’n ûngelok heard hat. “Mar it soe kinne dat Packard gewoan op it ferkearde plak op it ferkearde momint wie.”

Folwoeksen bultrêgen kinne sechtjin meter lang wurde mei in gewicht fan tritich ton. Bultrêgen binne net agressyf. Se ite foaral kreefteftigen en fisken. Minsken stean net op it menu fan de bisten.

juny 13, 2021 08:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.