Firtuele toer Steateseal ta eare fan 125-jierrich jubileum

juny 24, 2021 09:58

De Steateseal yn it Provinsjehûs bestiet 125 jier. Ta eare dêrfan wurdt de seal in jier lang iepensteld foar alle ynwenners fan Fryslân. Sûnt juster is it ek mooglik om digitaal in rûntsje troch de histoaryske seal te rinnen. Santjin details fan de fêste gearkomstelokaasje fan Provinsjale Steaten wurde toand en dêr wurdt ynformaasje by jûn.
Foarôfgeand oan de Provinsjale Steategearkomste fan juster hat de griffier, yn it bywêzen fan de fraksjes, de firtuele toer ûntbleate.

Griffier Arnold Rosier ûntbleatet firtuele tour Steateseal. Foto Provinsje Fryslân.

Troch koroana wie en is it foar in soad minsken net mooglik om in besite oan de Steateseal te bringen of in rûnlieding te folgjen. Mei de firtuele toer is it dochs noch mooglik om in yndruk fan de histoaryske seal te krijen. Minsken fan bûten Fryslân en Nederlân kinne de seal sa ek besjen. De rûnlieding is nammentlik beskikber yn it Frysk, it Nederlânsk en it Ingelsk. Klik om him te folgjen op www.fryslan.frl/fy/125jierSteateseal.

juny 24, 2021 09:58
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.