Feriene Keninkryk stelt ferrommingen nei alle gedachten fjouwer wike út

juny 14, 2021 09:29

De ferrommingen fan de koroanamaatregels yn it Feriene Keninkryk wurde nei alle gedachten mei fjouwer wike útsteld. Ferwachte wurdt dat premier Johnson dat moandei bekend makket. Reden dêrfoar is de noed om it te fluch tanimmende tal ynfeksjes mei de Yndiaaske fariant. Dy koroanafariant is neffens wittenskippers sechtich persint besmetliker as de Britske fariant.

Foto: pixabay.com

It tal minsken yn it Feriene Keninkryk dat koroana skipet is de ôfrûne wike tanommen mei fyftich persint neffens in wike earder. Der moastewn ek mear minsken yn it sikehûs opnommen wurde. In oare reden foar it útstellen fan ferrommingen is dat yn dy fjouwer wike noch mear minsken faksinearre wurde kinne.

Op de Britske rûtekaart út febrewaris stie dat de lêste beheiningen net foar 21 juny opheft wurde soene. Dat wurdt no dus noch letter. Dat betsjut dat kafees, klups en oare hoarekagelegenheden foarearst noch net folslein iepen meie. Nachtklups bliuwe neffens de BBC noch hielendal ticht. Minsken wurde ek oproppen om noch hieltyd safolle mooglik thús te wurkjen.

juny 14, 2021 09:29
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.