Feie Fonyk: Wêr bliuwe de âlden?

juny 24, 2021 12:16

Kuiertocht nei betinking Slach by Warns

Pier Boorsma, filosoof en dichter út Grins, ropt yn de Leeuwarder Courant fan tongersdei 24 juny op ta aksje. “Geweldleaze aksje foar de memmetaal” stiet as kop boppe it artikel en dan “It regear yn De Haach sjit tekoart at it om it Frysk giet. Boargerlike oerhearrigens kin de Fryske saak in set yn de goede rjochting jaan”.
Neffens Boorsma de polityk te min en in juridyske wei soe pas effekt hawwe kinne op lange termyn. No ken ik Pier al in tal jierren. Ik haw him dus fan ’e moarn in e-mail stjoerd mei wurdearring foar syn bydrage.

Mar dochs. Dan sjoch ik by dit artikel in foto fan de aksje ‘Frysk op skoalle’ fan 16 desimber 2016. Ik wie derby. De aksje krige in soad omtinken yn de parse en it tal dielnimmers dat efter de muzyk oanrûn troch de binnenstêd fan Ljouwert foel net ôf. Wat doe wol ûntbruts, dat wiene âlden mei skoalgeande bern. No kaam dat grif omdat it in pear dagen foar krysttiid wie. Oare drokte dus. It wie lykwols in moai begjin fan de aksjegroep Sis Tsiis foar Frysk ûnderwiis op skoalle. Pier is ien fan de inisjatyfnimmers fan dy aksjegroep.

By de Warnsbetinking fan 23 septimber 2017 wie Sis Tsiis opnij aktyf. Doe eins ek gjin âlden. No soe dat komme kinne omdat it in moaie sinnige saterdeitemiddei wie en dan hawwe âlden wol wat oars oan ’e holle as nei it Reaklif te reizgjen.

De Ried fan de Fryske Beweging besiket op mear as ien spoar it Frysk it plak te jaan dêr’t it rjocht op hat. Dat betsjut polityk oerlis. Dat smyt wol wat op, mar net wat Boorsma derfan ferwachtet. Ik wit út betroubere boarne dat de Ried ek dwaande is mei in ûndersyk wat oft in juridyske wei opsmite kin.

Op saterdeitemiddei 27 novimber wurdt de Fedde Schurerlêzing holden. It tema is dizze kear ’70 jier nei Kneppelfreed’. Miskien hat Pier Boorsma gelyk mei syn pleit foar geweldleaze aksje, mar wa wit smyt in kneppel mear op.

Ien side fierder yn deselde Leeuwarder Courant giet it, lykas alle tongersdeis, oer nije auto’s. Mei alle respekt foar Sis Tsiis, yn swakke mominten as ik moarns betiid wekker wurd, tink ik wolris dat âlden mei bern har drokker meitsje oer dy nije auto’s as oer de posysje fan it Frysk op skoalle.

juny 24, 2021 12:16
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Kerst Huisman juny 28, 09:45

    Yn it foarste plak dit: ‘geweldleaze aksje’ is perfoarst net itselde as ‘boargerlike oerhearrigens’. Fan it lêste is it de bedoeling, dat it wol geweldleas is (fan de kant fan de aksjefierders). Mar it giet fierder: it oertrêdet wollens en wittens de wet, en akseptearret dêrfan ek de konsekwinsjes. Mar dan it punt fan Feie oer it ûntbrekken fan âlden mei skoalgeande bern, dêr wol ik it ris oer hawwe. No haw ik sawol yn de posysje west as heit mei skoalgeande bern (yn Ljouwert) as aksjefierder foar de Fryske taal (mei organisator fan de earste Sis Tsiis-demo. Dêrtroch wit ik, dat jo as âlder hast altiten it gefoel krije, allinnich te stean, en dat jo it dêrom úteinlik mar oerjouwe. Jo wolle ek net dat jo bern yn de stêdswyk in stigma op har foarholle krijt. Ik hie doe yn elk gefal ek net it gefoel, dat der bûten de skoalle hoe dan ek mar stipe wie foar myn stribjen nei (wat) mear Frysk op skoalle.
    Ja, ik wie wol op de hichte fan it bestean fan de Fryske beweging, mar dat wie yn myn eagen in fermidden, dêr’t se har hast by útstek dwaande holden mei it skriuwen fan brieven oan ynstânsjes. Ien fan de skriuwende foarmannen van de beweging hie dêr sels de bynamme ‘postrinder’ oan te tankjen. Dy ûnderfining hat ien fan de redenen west, dat ik mei oaren yn 1988 it inisjatyf nommen haw ta it oprjochtsjen fan de FRA, as ôfkoarting fan Fryske Aksje. Wy hienen de groep earst FA neame wold, mar seagen dêrfan ôf fanwege de al besteande en rûnom bekende ôfkoarting foar de Fryske Akademy. Ik wit noch dat immen út de rûnten fan de Fryske beweging dy’t in skoftsje earder tige dwaande west hie mei it ynfieren fan, en pleitsjen foar, Frysk ûnderwiis op de skoallen, doe tsjin my sei: ‘Wat woe ik graach dat de FRA der doe al west hie’. As stipe yn de rêch, bedoelde se.
    Mar no Sis Tsiis. Dy demonstraasje fan ein desimber 2016 wie in moai barren, mei sels in pianospiler op it Saailân. Klassyk hast, poerbêst, al hie it faaks better west as wy dêr immen mei in gitaar en lûdsfersterker by hân hienen mei wat ienfâldich troch de dielnimmers oan de aksje mei te sjongen lietsjes. Hie grif ek minder jild koste. ‘De aksje krige in soad omtinken yn de parse en it tal dielnimmers dat efter de muzyk oanrûn troch de binnenstêd fan Ljouwert foel net ôf’ skriuwt Feie. Ja, dat wol, mar foar it geoel fan in hiel soad oaren rûnen wy doe allegearre foaral efter in man mei in skyld en in ynbaarlik slachwapen oan (sjoch de foto yn de LC). Ik wit wol, dat wie it symboalyske swurd fan Grutte Pier, en ik ken de man dy’t it meitôge ek as in hiel aardige persoan, mar it hie better net wêze kind. It tekenet ek de earmoed yn it tinken fan guon taalstriders, dat altiten wer Pier fan Kimswert opdrave moat om ús aksjes te ûnderstreekjen.
    Nei dy aksje yn Ljouwert haw ik yn Sis Tsiis pleite foar it stânpunt: En no nei de minsken ta. Ik haw doe útsteld om in pear jier lang minstens ien kear yn de moanne mei in tal Sistsizers nei de Fryske stêden en doarpen ta, en dêr mei struibriefkes en foaral prate mei de minsken aktive sympathisanten te winnen foar it Fryske ûnderwiis op de skoallen. De measte oare leden fan Sis Tsiis stinden dêr nochal foar om. It like krekt as fûnen se dat se nei dy ‘geweldige’ optocht yn Ljouwert blykber wol tefreden efteroerleune koenen. (Sa ‘geweldich’ wie it nammers ek wer net mei syn 300 dielnimmers; ik haw yn 1983 yn deselde stêd Ljouwert meidien oan in demonstraasje tsjin de krúsraketten mei tsien kear safolle, já, 3000, en dy rûnen ek efter in mânsk spandoek mei de Fryske tekst: ‘Fryslân kearnwapenfrij’).
    Úteinlik kaam it yn 2017 dochs noch wer ta in optocht: yn septimber fan it spoarweistasjon Koudum nei de betinking op it Reaklif. It tekene fannijs dy earmoed yn it tinken. Ik haw úteinlik dochs mar meidien (yn myn auto, om útfallers ûnderweis meinimme te kinnen), mar ik hie my – no krekt earder tsjin in tocht krekt nei it Reaklif fersetten. Yn it foarste plak omdat it wer de ferkearde symbolyk útstrielde, fanwege de ferbining fan in fjildslach mei in protte bloed en deaden mei Frysktalich ûnderwiis en ek net ûnwichtich: op flinke parten fan ús rûte rûnen wy foar de kij en de hynders te demonstrearjen. Ik tink, om Feie op syn klacht oer it ûntbrekken fan âlden fan skoalgeande bern te antwurdzjen: dêr krije jo dy âlden net yn mei. Nei dy tocht fan 23 septimber 2017 haw ik noch inkelde kearen mei meast (hiele) lytse aksjes fan Sis Tsiis meidien, en doe hie ik it wol sjoen. Dy aksjes hienen net de ynfulling lykas ik dat graach sjoen hie: nei de stêden en doarpen ta en dêr mei de minsken prate en aktive meistanners winne. Ik tocht: as it sa moat, lûk ik my mar foar in skoft werom. Mar fansels bliuwt it doel fan Sis Tsiis my sympathyk. Ik fyn ek dat wy foar dy doelen it hiele arsenaal oan aksjefoarmen, brieveskriuwend (1), geweldleas (2) en boargerlik oerhearrich (3), ynsette moatte. Ik bin ek ree om oan al dy foarmen mei te dwaan.

  2. Lútsen juny 28, 10:31

    Yn Wales witte hja hoe’t it moat: soargje foar eabele learaars, want dêre mankearret it by ús oan.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.