Elske de Wall sjongt ‘Het dorp’ yn it Frysk

juny 19, 2021 07:53

Sjongeres Elske de Wall sjongt it ferske ‘Het dorp’ fan Wim Sonneveld yn it Frysk. It wurdt brûkt yn de film De Kameleon aan de ketting, dy’t Steven de Jong oan it meitsjen is. De film oer de twilling Hielke en Sietse Klinkhamer is diel fan de Kameleon-rige. Hy komt ein juny út.

Steven de Jong hat sels de oersetting fan it liet makke. De yn Nederlân o sa bekende ferzje fan Sonneveld is nammers ek in oersetting, makke troch Friso Wiegersma. De tekst wie oarspronklik yn it Frânsk: yn Frankryk waard Jean Ferrat al yn de jierren sechtich bekend mei La montagne.

De trije ferzjes binne hjir te beharkjen:

juny 19, 2021 07:53
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Sietske juny 19, 10:34

    Mooi

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.