Ekstreme hjitteweach yn Kanada en part Feriene Steaten
Resint ferskynd
- Ofwiisde East-Fryske flagge wapperet foar gemeentehûs Moarmerlân 0
- Ferhaleprojekt ‘Utsteld gelok’ yn pastorijtún yn Blauhús 0
- Frysk Museum en de Onkruidenier organisearje aktiviteiten oangeande klimaatferoaring 0
- Bouwe de Boer: Sinnekrêft by de alve stêden lâns 0
- Frysktalige tsjerketsjinsten 3 july 2022 0
In ekstreme hjitteweach teheisteret sûnt in deimannich it súdwesten en midden fan Kanada en it westen fan de Feriene Steaten. Ferskate waarmterekôrs binne sneuvele en op guon plakken binne spesjale sintra ynrjochte dêr’t bewenners hinne kinne om ôf te kuoljen. Yn dy regio’s wurdt it normaal sprutsen net sa waarm.
Yn de Kanadeeske provinsje Britsk Kolumbia binne ôfrûne wykein mear as fjirtich rekôrs brutsen, wêrûnder yn it skygebiet Whistler. De Kanadeeske waar- en miljeu-organisaasje hat hjittewarskôgingen ôfjûn foar Britsk Kolumbia, Alberta en parten fan Saskatchewan, Yukon en Northwest Territories. De oerheidsorganisaasje warskôget foar in pyk fan fjirtich graden letter yn ’e wike. Dat is sa’n 10 oant 15 graden boppe de wenstige temperatuer yn dizze tiid fan it jier. De heechste temperatuer yn Kanada ea waard yn 1937 metten yn de steat Saskatchewan; it waard doe 45 graden. Dat rekôr soe letter fan ’e wike wolris sneuvelje kinne.
It nasjonaal meteorologysk ynstitút yn de Feriene Steaten hat foar de steaten Washington en Oregon hjittewarskôgingen ôfjûn. Foar de regio Multnomah yn Oregon yn de Feriene Steaten jildt sels dat der sprake is fan “libbensbedriigjende waarmte”. Yn Oregon waarden de besikersbeheiningen foar iepenbiere plakken lykas winkelsintra dêrom tydlik opheft, sadat minsken binnendoar ôfkuolje koene. Foar de Feriene Steaten jildt ek dat de temperatueren wierskynlik noch fjirder oprinne sille.
De hjitte hat te krijen mei in grut hegedrukgebiet boppe de Grutte Oseaan. Eksperts keppelje de hjoeddeiske hjitte yn de gebieten oan klimaatferoaring en it opwaarmjen fan de ierde.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje