Earste skoallen oan ’e slach mei ferbetterjen Fryske les
Resint ferskynd
- Strjitnammebuorden oanlieding foar nije Spaanske taalstriid 0
- Takom wike grutte treinstaking 0
- Wer grutte flater by ôfhanneljen ierdskokskea: slachtoffers witte net wat se no moatte 0
- Programma Into The Great Wide Open 2022 folslein 0
- Fryske gemeenten poerbêst berikber fia e-mail, ôfhanneling kin noch better 0
De subsydzjeregeling ‘Frysk foar no en letter’ hie in foarsichtige start. Yn de earste omloop tsjinnen 39 skoallen in oanfraach yn. Dêrtroch is der minder subsydzje oanfrege as der beskikber wie. Troch de koroanamaatregels soene skoallen gjin tiid hân hawwe om subsydzje oan te freegjen. Nei de simmerfakânsje giet de regeling foar de twadde kear iepen.
Mei de regeling Frysk foar no en letter set de provinsje Fryslân yn op it ferbetterjen fan de posysje fan it Frysk yn alle ûnderwiissektoaren. Der is ûnder oare subsydzje beskikber foar neiskoalling fan dosinten, ekstra lesmateriaal en it ferfangen fan dosinten dy’t in oplieding Frysk folgje. Troch wat oanpassingen sil de regeling by de twadde iepenstelling better by it ûnderwiisfjild oamslute. Oant en mei 2024 kinne skoallen subsydzje oanfreegje. De subsydzjeregeling makket diel út fan it projekt Taalplan Frysk 2030.

Foto © Provinsje Fryslân
Ferrassend Foarkommend Frysk
De Boargemaster Harmsmaskoalle út De Gordyk sil de subsydzje yn it kommende skoaljier brûke om de Fryske taal op in ludike wize sichtber te meitsje yn en om de skoalle. Neist de Fryske lessen sille de Fryske taal en kultuer mei it projekt Ferrassend Foarkommend Frysk alle moannen ekstra omtinken krije, bygelyks troch it organisearjen fan in keatsclinic of in optreden fan in Fryske skriuwer yn de mediateek. De skoalle kriget ek in subsydzje foar it oanskaffen fan ekstra Fryske lêsboeken foar it projekt ‘Frysk lêze yn it skoft’.
Taalplan Frysk 2030
It projekt Taalplan Frysk 2030 wurket oan de kwaliteit fan Frysk ûnderwiis op alle skoallen en alle ûnderwiisnivo’s. De provinsje set him dêrfoar yn mei taal- en ûnderwiisynstellingen Afûk, Cedin, Fers, Keunstwurk, NHL Stenden, Omrop Fryslân, Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO) en Underwiisburo Semko.
Mear ynformaasje oer it projekt Taalplan Frysk 2030 is te finen op www.taalplan.frl.
Folje de enkête oer it Frysk op ‘e skoalle fan jo bern of pake- en beppesizzers yn op: https://www.sistsiis.frl