Duvelsk!

juny 5, 2021 12:26

Ynstjoerd

Dat Sealen Schaaf yn syn tsjintwurdige foarm sletten wurdt is in histoaryske flater fan ôfgryslik formaat.

Argumint 1 foar sluting Schaaf: “dat se de buert yn ’e mjitte komme wolle” (D66 en CDA). Bizar; ferhúzje nei in hûs neist in 224 jier âld teäter/poppoadium of dêr foaroer, en dan argewaasje hawwe fan teäterbesikers. Mei oare wurden, neist in tsjerke gean te wenjen en dan argewaasje hawwe fan it kloklieden. Of njonken in snelwei delstrike en dan oer auto’s kleie. En stiet dat hantsjefol kleiende bewennners wol yn ferhâlding ta de tûzenen minsken dy’t fan Schaaf genietsje?

Argumint 2 foar sluting Schaaf, ik helje CDA-riedslid Abel Reitsma oan: “Een theater erbij in de stad tast namelijk de bestaande culturele infra aan (Stadsschouwburg De Harmonie en Neushoorn) en deze optie werd ook door de buurt gezien als de minste.” Infra, is dat in wurd? Teäter derby? Dan soene de djoere Neushoorn en De Harmonie op syn minst 225 jier âld wêze moatte, want Sealen Schaaf wie der al folle earder. Schaaf is it Earste Teäter; de rest kaam letter.

Mar wêr’t ik werklik it slimst troch rekke bin is de útspraak fan niisneamde Abel Reitsma: “Het is kiezen uit twee kwaden (Zalen Schaaf en de nieuwe bestemming Agora, sic) en dit is de minst erge.” Twa kweaden. Twa duvels dus. Der is keazen foar de minst slimme ‘duvel’.

En dêr wurdt foar my in grins krúst, want dat ‘kwea’ giet oer muzyk, dûns, toaniel, teäter, bingo, it grutte kultureel-sosjale middenfjild fan Ljouwert foar minsken mei in smelle beurs. Kulturele gearkomsten yn in seal mei skiednis (en takomst!), dêr’t de histoaryske kontekst in mearwearde oan it belibjen fan kultuer tafoeget. Schaafbesikers geane net nei Neushoorn of De Harmonie.
Mar: kultuer is dus It Kwea. Muzyk is it kwea, de muzykskoalle dy’t pland wie is it kwea. De dûnsskoalle Saco Velt is it kwea. De popkonserten mei dôvetolken binne it kwea. De gearkomsten foar de iensume âlderein binne it kwea.
Ik haw Abel Reitsma frege oft er syn ekskuzen oanbiede woe oan de hiele kulturele sektor. Syn reaksje: “Volgens mij is Agora blij, dus het nut van een excuus zie ik niet.”

Myn artystesiel gûlt en kjirmet by sokke teksten, want der sit in freeslik betinken en hâlding efter, sa fan “kinst ek in dvd opsette.” En soks trije jier nei kulturele haadstêd. Wêr is it elan bleaun? Wêr it kultureel besef?

Wy stevenje ôf op in enoarme ferskraling wat kultuer, empaty en meilijen oanbelanget. Wy geane in mienskip yn ’e mjitte dêr’t de siel út is, in bloedleas byinoar lâns libjen dêr’t de bruorren Van Rossum, wat harren miening oer Ljouwert oangiet, gelyk yn krije.

Ik wurd der o sa treurich fan, nee mear as dat: ik bin ‘duvelsk’.

Inez Timmer

juny 5, 2021 12:26
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.