Dûbeldtsjokke DE NIJE: ‘bisten’ mei Carola Schouten

juny 4, 2021 08:29

Jiergong 3, nûmer 2 fan DE NIJE iepenet mei in fraachpetear mei minister Carola Schouten fan LNV (Landbouw, Natuur en Voedselkwaliteit). “Ik fyn hurdfytsen in pachtige sport”. It fraachpetear mei Menno Brouwer, it iennige Fryske steatelid fan de Partij voor de Dieren yn Fryslân krige as titel “Ekonomyske belangen gean meastal foar”. Hy jout yn dat petear de fyzje fan syn partij op bisten en natuer. Fierder binne der petearen mei Johan de Jong oer goudûlen en de direkteur fan AquaZoo. It tema fan dit nûmer is ‘bisten.’ Dat soarget byinoar foar in aardich grut ferskaat.

Foto: Anyta Veenema-Talsma

  • Fotowedstriid ‘Bisten’
    Oan de fotowedstriid ha 20 fotografen mei 76 foto’s meidien. De winner:
    Anyta Veenema-Talsma út Holwert (earste priis)

Tom Coehoorn (sjuery):
Sterke komposysje mei de nijsgjirrige kij dy’t suver ta it byld ynkrûpe. De kar foar swart-wyt útsein de noas is aardich betocht.

  • Noflik lêzende teksten en moaie foto’s
    DE NIJE is it iennige Frysktalich famyljeblêd mei omtinken foar streektalen. De ynhâld is ornearre foar de lêzers, dy’t Frysk en Fryske streektalen yn Fryslân lêze, jong en âld, mei noflike lêzende teksten en moaie foto’s.
  • Losse nûmers en abonneminten
    DE NIJE is in tydskrift dat fjouwer kear jiers (alle fearnsjierren) yn in oplaach fan 1500 eksimplaren ferskynt. Lêzers kinne in abonnemint nimme (€ 17,50). Stipers fan de Ried krije it tydskrift fergees tastjoerd. Losse nûmers (€ 4,95) binne te keap yn kiosk, boekhannel, tydskriftewinkel en supermerken yn Fryslân.
  • ItNijs.frl
    De papieren DE NIJE en it digitale It Nijs (www.itnijs.frl) folje inoar oan.

Mei yngong fan it wykein fan 29/30 maaie leit it nije temanûmer fan DE NIJE oer bisten yn de boekhannels, tydskriftewinkels en supermerken yn Fryslân. De belangstelling om oan dit tydskrift mei te wurkjen wie grut. Dat hat fan gefolgen hân dat it diskear in dûbeldtsjok nûmer fan 76 siden wurden is.

De redaksje

juny 4, 2021 08:29
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.