Dokumintêre: Opstân op de Neptunus
Resint ferskynd
It is de bloedichste opstân op see yn it Nederlânske slavernijferline en dochs ken hast net ien it ferhaal. In Siuwsk skip ûntploft nei in fûle striid foar de Ganeeske kust. Sosha Duysker rekonstruearret mei histoarikus Ruud Paesie it yslike drama op see.
Yn 1782 fart De Neptunus nei West-Afrika om goud, ivoor en ta slaaf makke minsken yn te keapjen yn ruil foar hannelswaar. Wylst it skip fan fort nei fort fart, sitte der moannenlang hûnderten Afrikanen yn it rom finzen. De omstannichheden binne minskeûntearjend. En dan moat de oerstek oer de oseaan noch begjinne. De finzenen besykje te ûntkommen.
Utstjoering: woansdei 30 juny 2021 om 20.30 oere by de NTR op NPO 2
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje