Meidwaan oan de Dei en de Nacht fan it Waad op 26 juny
Resint ferskynd
Yn it wykein fan 26 juny stean de Natuer- en Miljeufederaasejs fan Grinslân, Fryslân en Noard-Hollân, Ryksuniversiteit en Visit Wadden stil by de tolfde jierdei fan de UNESCO- wrâlderfgoedstatus fan de Waadsee. Dat fiere se mei de Dei en de Nacht fan it Waad. De partijen roppe Waadleafhawwers en ûndernimmers op om dat mei harren te fieren.
Unesco Wrâlderfgoed
Yn 2009 hat UNESCO de Waadsee ta Wrâlderfgoed útroppen. Op de Dei fan it Waad wurdt de tolfde jierdei fan dy bysûndere status fierd. Der wurdt stilstien by hoe bysûnder it gebiet is, en de kwetsberens wurdt ûnder it omtinken brocht. Visit Wadden nûget ûndernimmers yn it Waadgebiet út om dy dei in foarpriuwke fan syn besteande aktiviteit oan te bieden. Besikers yn it gebiet kinne dan bygelyks ûnderfine hoe’t it is om mei de fuotten yn it slyk te stean, fan in minypriuwerij fan ien fan de Waadgerjochten genietsje of in museum fia in sjochdoaze besjen.
Sjoch foar mear ynformaasje op dagvanhetwad.nl.
Nacht fan it Waad
Mei ‘Nacht fan it Waad’ freegje de Natuer- en Miljeufederaasjes fan Fryslân, Grinslân en Noard-Hollân en de Ryksuniverseit spesjaal omtinken foar tsjusternis yn it Waadgebiet. By Nacht fan it Waad wurde ferskate aktiviteiten organisearre. Dêrby falt te tinken oan nachtkuiertochten- en waadekskurzjes, diners by kearsljocht, nachtmuzyk, lêzingen en wurkateliers. Hja roppe dan ek alle ûndernimmers en organisaasjes dy’t yn it Waadgebiet aktyf binne op om mei te dwaan mei it organisearjen fan aktiviteiten of eveneminten. Oanmelde fan aktiviteiten kin op de webside nachtvanhetwad.nl. Dêr is ek in oersjoch fan alle aktiviteiten te finen.
Data Nacht fan it Waad 2021
De Nachten fan it Waad binne om ende by astronomysk te werkennen mominten. De earstfolgjende Nacht fan it Waad falt nei it Midsimmerwykein fan 26 op 27 juny, dy’t dêrnei komt falt gear mei it yngean fan de wintertiid op 30 oktober en de lêste nacht is krekt foar de koartste dei fan it jier yn it wykein fan 18 desimber.
Nacht fan it Waad is ûnderdiel fan it programma Tsjusterte fan it Waad en wurdt mei mooglik makke troch it Waadfûns en de provinsjes Noard-Hollân, Fryslân en Grinslân.
Mear ynformaasje is hjir te finen: www.nachtvanhetwad.nl.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje