Direkteur-bestjoerder Nina Hiddema ferlit Omrop Fryslân

juny 9, 2021 10:34

Direkteur-bestjoerder Nina Hiddema sil oan de ein fan dit jier Omrop Fryslân ferlitte. Hiddema is sûnt maaie 2018 yn tsjinst fan de Omrop.

Nina Hiddema (foto: Karel Zwaneveld)

Grutsk
Nina Hiddema oer har oankommende fuortgean: “It wie in dreech beslút. Ik bin hechte rekke oan de Omrop. Wy hawwe de ôfrûne jierren mei-inoar hurd wurke oan de radio- en telefyzjeprogramma’s dy’t it ferhaal efter it nijs fertelle, dy’t ferbining meitsje mei de Fryske mienskip en dy’t de Fryske harkers en sjoggers reitsje. Soks giet net fan hjoed op moarn. Wy hawwe yn in soarchfâldich proses tusken organisaasje en bûtenwrâld in nije en droegen strategy formulearre en ús organisaasje oanpast. Ik bin grutsk op alle teams binnen de Omrop dy’t dat mooglik makke hawwe en op de geweldige ynset fan de meiwurkers, ek yn coronatiid. Yn goed oerlis mei de Ried fan Kommissarissen hawwe wy de datum fan myn fuortgean bepaald. It is 1 jannewaris wurden, dan is der genôch tiid om in nije direkteur oan te lûken en yn te wurkjen.”

Takomst
“Wat ik hjirnei dwaan sil? Dat wit ik noch net. Myn holle is noch by de Omrop. Troch no myn fuortgean oan te kundigjen, ûntstiet der romte om in moai folgjend plak te finen yn de wrâld fan kultuer, media en ûnderwiis.”

Stevich fûnemint
Ger Jaarsma, foarsitter fan de Ried fan Kommissarissen fan de Omrop, oer it oankommende fuortgean fan Nina Hiddema: “Sy hat mei hert en siel wurke om de Omrop in nij fûnemint te jaan. Tusken en mei de minsken. Dat wie in yntinsyf proses, yn it bysûnder foar har. Wy binne as Ried bliid mei har ynset en mei it resultaat. Sy bliuwt noch efkes by ús, dat jout ús de gelegenheid om soarchfâldich op syk te gean nei har opfolger.”

juny 9, 2021 10:34
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.