Derop út mei ‘Keunst nei bûten’. Tresoar-bankje by Uniastate yn Bears
Resint ferskynd
Uniastate by Bears is yn 1756 ôfbrutsen. Inkeld de poarte is der noch. In stielen replika fan keunstner Beb Mulder lit sjen hoe’t de state der earder útsjoen hat: in loftspegeling fan it ferline. By dy replika stiet no in ‘bankje fan Tresoar’.
It projekt ‘Keunst nei bûten’ makket op ferrassende wize keunstwurken út ferskate kolleksjes fan Fryske musea en erfgoedynstellingen tagonklik. Bankjes yn it lânskip markearje plakken dêr’t keunstwurken ûntstien binne. Fytsers en kuierders komme der sa mei yn ’e kunde en komme (fia in QR-koade) mear oer de eftergrûn te witten. It projekt is makke yn opdracht fan provinsje Fryslân.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje