Der komt in stek om Fryslân hinne

juny 29, 2021 19:33

Ald-Komsaris fan ‘e Kening Hans Wiegel hat tiisdei it begjin makke mei in stek dat Fryslân fan de rest fan Nederlân skiede moat. Wat yn ‘e Feriene Steaten net slagge is, wurdt yn Fryslân yn stilte in begjin mei makke. Doel is lykwols net om Oeriselders en Drinten bûten te kearen. It giet derom dat omswalkjende wolven de provinsje net yn komme.

It earste stik stek is mar 25 meter lang. It stiet yn de Stellingwerven, by Boyl. Doel is dat it nei de simmer in pear kilometer lang is. Dêr waard yn 2018 foar it earst in skiep troch in wolf pakt.

It bouwen fan it stek is in inisjatyf fan de Stifting Wolvenhek Fryslân. De gemeente Weststellingwerf wie oant hjoed ta net op ‘e hichte fan it plan om it stek te bouwen.

juny 29, 2021 19:33
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.