De skepping fan Chagall
Resint ferskynd
Oertinking
Marc Chagall, in Joadsk-Russyske skilder, dreamde de Bibel. Neffens him befettet de Bibel de dream fan de minskheid. Yn de tritiger jierren fan ’e foarrige iuw makke er etsen fan minsken út ’e Bibel yn harren relaasje mei God en inoar. Dy etsen taaste jin al tige yn it moed.
Nei de oarloch 1940-1945 kaam Chagall út Amearika werom yn Frankryk. Doe’t er fernaam dat omtrint syn hiele famylje en al syn keunstfreonen yn ’e holocaust fermoarde wiene, rekke er yn in djippe krisis. Hy joech wer sin oan syn libben troch it skilderjen fan it bibelsk boadskip. Dat soe syn neilittenskip oan de minskheid wêze. It Frânske regear boude foar dat wurk it Chagallmuseum yn Nice. Dêr binne se te bewûnderjen: tolve grutte skilderijen dy’t de ferhalen fan Adam oant Mozes útbyldzje en fiif wurken oer it Heechliet. Fierders binne der eksposysjes fan oar wurk fan dy grutte keunstner. Wa’t troch de doar de grutte seal ynstapt, stiet each yn each mei it skilderij ‘De skepping’. Ik koe it as foto yn in boek, mar yn 2000 seach ik it twa meter brede en trije meter hege doek foar it earst yn Nice.
It oerweldige my en kaam my op it moed. Op dat skilderij draacht in ingel de minske nei de ierde. En dêr wurdt er opheind troch de slang. Tusken goed en kwea, tusken ingel en slang, sil de minske libje.
Wat fierder opfalt is in rûne, reade sinne, dy’t as in driuw-tsjil (vliegwiel) beweecht. It is in ferwizing nei God dy’t as driuwende krêft ynfloed op it libben hat.
Wa’t dat leaut, sjongt:
Wit dat de wrâld al wûn is,
troch Wurd en Geast,
dat alles nij begûn is
mei Pinkster earst. (Gesang 251:1a)
Lêze: Gesang 251 (Lieteboek foar de tsjerken – 1977)
ds. Doede Wiersma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje