De Lytse Haskes yn Aldehaske behellet sertifikaat ‘Boartsjendewei in taal derby’

juny 9, 2021 08:41 Fernijd

Sûnt maart 2017 wurket berne-opfang De Lytse Haskes mei in belied dat derop rjochte is om de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern te stimulearjen. De lieding hat de ôfrûne jierren begelieding hân om it twatalich belied foarm te jaan, passend by syn eigen wurkwize. Dat trajekt is no ôfrûne en de lokaasje hat it sertifikaat ‘Boartsjendewei in taal derby’ behelle. 

Foto: Stien Ploegstra

De Lytse Haskes en twatalichheid
De Lytse Haskes is in partikulier bernedeiferbliuw yn Aldehaske. Eigner Stien Ploegstra hat de lokaasje opset yn de skuorre fan in pleats. Der waard earst wurke mei ien berne-opfanggroep, mar ûnderwilens is dêr in twadde groep by kommen.

Sûnt 2017 wurdt der wurke mei in twatalich belied. Dat sjocht der yn de praktyk sa út: guon pedagogyks meiwurksters prate konsekwint Frysk mei alle bern en guon pedagogysk meiwurksters prate konsekwint Nederlânsk mei elkenien. Beide talen krije ek omtinken by aktiviteiten, lykas sjongen en foarlêzen. Troch de beide talen dúdlik fanelkoar te skieden, leare de bern de talen goed útelkoar te hâlden en kinne se by it âlder wurden bygelyks makliker in tredde en fjirde taal leare.

Der hat in saneamde fisitaasjekommisje by De Lytse Haskes west te sjen. Der wurdt sjoen nei ûnder mear it taalbelied, de taalomjouwing en it pedagogysk taalklimaat. Oer de taalomjouwing skriuwt de kommisje ûnder oaren: ‘In gouden momint nei’t Stien in Tomkeferhaal oer in spin foarlêzen hat. De bern harkje oandachtich, begripe it ferhaal ûnderstipe troch Stiens mimyk en yntonaasje. Kwa ynhâld past by it ‘grizeltema’ Halloween. Stien praat efkes mei de bern nei, mar it wurdt hielendal kânsryk as in tal bern it ferhaal sels nóch in kear ‘foarlêze’. Hiel goed om de bern sels sa oan it wurd te litten. Dat binne tige learseme taalmominten! Ek moai dat de bern har sa feilich fiele en sels it ynisjatyf nimme.’

By it sertifisearringstrajekt kriget De Lytse Haskes begelieding fan it SFBO kennissintrum meartaligens jonge bern. By it SFBO binne goed 250 bernedeiferbliuwen en pjuttelokaasjes oansletten en dat oantal groeit noch hieltyd.

juny 9, 2021 08:41 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.