De 168e PC op 4 augustus giet troch

juny 22, 2021 20:43

Fanwege it koroanafirus en de jildende maatregels, koe it ferline jier net. Dit jier sil de wichtichste keatswedstriid, de PC, wól trochgean. Yn in wat oanpaste foarm, mar “wy sille der fan ’t jier mei dûbele enerzjy in moaie dei fan meitsje”, seit PC-foarsitter Ids Hellinga. Begjin dizze wike wie der in oerlis dêr’t de organisaasje fan de PC by oanwêzich wie, mei plysje, Feilichheidsregio Fryslân, in ôffurdiging fan de Frjentsjerter hoarekaûndernimmers en gemeente Waadhoeke dêr’t de plannen foar de 168e PC yn bepraat binne.

Sjûkelân (foto: fy.wikipedia.org/Das Nili)

Woansdei 4 augustus: tagong ta de 168e PC mei tagongsbewiis én koroanatagongstest
Ferline jier waard der wol keatst, mar it wie gjin PC lykas wenst. Leafhawwers koene op de ‘fyfde woansdei’ de wedstriid foar junioaren (dy’t yn stee fan de PC organisearre waarden) thús streekrjocht folgje, fia de telefyzje of radio. Dit jier kinne sy wer nei It Sjûkelân. Boargemaster Marga Waanders: “Wy binne tige bliid dat dat wer mooglik is, mar yn oanpaste foarm.” Sa is der gjin pre-PC en is it terrein op en om it Sjûkelân allinnich tagonklik foar publyk dat foarôf in tagongsbewiis kocht hat. Alle oanwêzigen moatte oantoane (mei in saneamd koroanatagongsbewiis) dat se faksinearre binne tsjin koroana óf resint negatyf test binne. Dêrtroch kin op It Sjûkelân de oardelmetermaatregel ferfalle.

Hoareka wol iepen, mar gjin feest yn ’e stêd
Op de PC-dei sil de hoareka yn Frjentsjer gewoan iepen wêze. It ferskil mei foargeande PC-jierren is dat der noch in tal beheiningen jilde oangeande koroana. Om dy reden sil der yn de binnenstêd fan Frjentsjer gjin feest wêze. Der is dus neat ekstra’s, lykas bandsjes, feesttinten of livebylden yn de binnenstêd.

Ofsletten terrein
Yn totaal sille der 9.000 minsken it terrein op kinne mei de PC. It terrein is grutter as normaal en dêrtroch binne der mear mooglikheden ta it nuttigjen fan in hapke of in snapke fan de lokale hoarekabedriuwen dy’t dêr oanwêzich wêze sille.

Mear ynformaasje oer de PC
De kaartferkeap fan de PC set op 10 july útein, fia www.pc-franeker.nl. Dêr is fan begjin july ôf ek mear ynformaasje oer de koroanatagongstesten te finen. De organisaasje fan de PC sil meikoarten omwenners útnûgje foar in petear om sjen te litten hoe’t it PC-terrein derút sjen sil. Ids Hellinga: “Om foar te kommen dat de besikers fan de PC en de besikers oan de stêd trochinoar reitsje, sil it eveneminteterrein in oare yndieling krije.”

juny 22, 2021 20:43
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Nanne juny 23, 11:14

    Wat is it no, de 168ste PC, lykas yn de titel fan dit berjocht stiet of de 167ste, sa’t fierderop fermeld wurdt? Rekkenje is blykber dreech by soksoarte eveneminten, want it giet meastentiids mis. Beide oantallen strike net mei de feiten. De Permanente Commissie organisearre foar it earst de Frentsjerter balferkeatsdei yn 1854. Oant en mei 2021 soenen dat 168 edysjes wêze. Mar dy fan ferline jier gie net troch. Sadwaande 167? Hat de PC dan yn alle oare jierren al west? Nee, twa kear net yn de oarloch en om eardere goarren is it feest ek in pear kear net troch gien, sjoch: https://www.itnijs.frl/2010/08/hjoed-pc-yn-frjentsjer/. Om’t de PC sadwaande fiif kear oergie, wurdt de oankommende de 163ste. De Wikipedy komt lykwols oant en mei 2019 wol op 166 edysjes om’t dy begjint te tellen yn 1850, doe’t de keatswedstriid noch net troch de PC organisearre waard: https://fy.wikipedia.org/wiki/PC.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.