Buorkje mei fûgels

juny 5, 2021 09:39

Marten en Anneke de Jong hawwe in boerespul yn Baaium. Dêr hâlde se net allinne melkfee, mar se buorkje ek mei fûgels. As natuerleafhawwers binne se beide fan betinken dat boeren en fûgels goed byinoar passe. Dat wolle se ek útdrage, want mei fûgels buorkje moat mear dien wurde. It is de wurkwize fan de takomst. Troch ekskurzjes en edukative aktiviteiten jouwe se útlis oer ferskate ûnderwerpen, lykas greidefûgelbehear, ûnderhâld fan it lânskip en itensproduksje. De belangstelling is grut. Dy fariearret fan skoalklassen, gemeenteriedsleden en kollega-boeren oant doarpsbewenners. Underwilens hawwe se al mear boeren ynspirearre om ek mei fûgels te buorkjen.

De grutte belangstelling hat derta laat dat se in ûntfangstromte bouwe litte. Dêr kinne se harren aktiviteiten better stal mei jaan en fierder útwreidzje. It bouwen fan dy romte wurdt mei mooglik makke troch de saneamde LEADER-subsydzje. Dy is bedoeld om de leefberens op it plattelân te fersterkjen en de fitaliteit en wurkgelegenheid dêre te stimulearjen. Utgongspunten binne dat minsken yn it gebiet sels útmeitsje wat yn harren gebiet wichtich foar de leefberens is en dat se sels de projekten opsette.

Deputearre Poepjes by Marten en Anneke de jong yn Baaium (foto: Provinsje Fryslân)

Deputearre Sietske Poepjes, dy’t yn Baaium op besite kaam en oan de De Jongs it LEADER-buordsje oerlange sei: “Inisjativen as dizze drage by oan de ferbining tusken boer en boarger. Se meitsje de kânsen fan natuerynklusive lânbou ek sichtber. Moai om te sjen dat dizze ûndernimmers dat op grûn fan harren oertsjûging sa entûsjast útdrage!”

Inisjatyfnimmers fan sokke projekten yn Noardeast- en Noardwest-Fryslân kinne subsydzje oanfreegje. LEADER wurdt by de provinsje Fryslân koördinearre troch Streekwurk. De projektburo’s yn Frjentsjer en Burgum binne telefoanysk en fia e-mail berikber foar ynformaasje, stipe en antwurd op fragen. Fertsjintwurdigers út de streek, de streekambassadeurs yn de Local Action Group, advisearje oer it takennen fan de subsydzje. Op www.fryslan.frl/leader is mear ynformaasje te finen.

juny 5, 2021 09:39
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.