Bouwe de Boer: Fryslân – Skjinnerlân 51

juny 4, 2021 09:35

Hoe komt it mei it enerzjylânskip?

Kollum

Tusken 1960 en 1970 wie Nederlân yn ’e ban fan ien fan de enerzjytransysjes. Alle huzen en gebouwen waarden oansletten op it nije ierdgasnet. Berne yn 1962 wol my dêr neat fan yn it sin komme, mar wol dat we yn de skuorre noch in koalehok hiene. Yn dy tiid wie der mear romte en wennen der yn Nederlân sa’n 12 miljoen minsken tsjin no hast 18 miljoen.

Dy ierdgasrevolúsje wie bysûnder yngripend en in keunststikje. Wat effisjinsje oanbelanget is dat dêrnei mar selden nochris fertoand. Botte sichtber wie dy operaasje net. Alles barde ûnder de grûn. It ierdgas wie ûndergrûnsk, de liedingen ek, en de apparatuer siet yn de gebouwen. De lucht en de loft waarden der skjinner fan en de hoarizon waard mei rêst litten. Gjin lilke boargers dus, útsein dan de brânstofhannelers dy’t fernamen dat harren negoasje ferdampte.

Dizze simmer leverje de Fryske gemeenten mei-inoar harren RES-bod by it ryk yn. RES stiet foar Regionale Energie Strategie. Yn dat dokumint stiet hoe’t Fryslân de klimaatambysje fan Parys (2050) helje wol. Dan wurdt it spannend, want dy nije enerzjyrevolúsje spilet him net ûnder grûn ôf, mar foar in grut part krekt yn ús lânskip. Sinnefjilden, wynmûnen, biogasynstallaaasjes, wetterstofsintralen?
De Fryske gemeenten hawwe no noch de hâlding om it ryk saken sjen te litten dy’t dochs al besletten binne. Benammen sinneparken en hjir en dêr in mûne en hoopje op it besparjen fan enerzjy.

Gemeente Waadhoeke die op 13 april in dryste stap. In stap yn de rjochting fan de doelstellingen fan Parys. Ferline jier sei Waadhoeke sels dat de gemeente al yn 2040 enerzjyneutraal wêze wol. Ofwachtsje hoe’t it komt is dan gjin opsje en wethâlder Jan Dijkstra hat dat mar al te goed troch. En dus organisearre de gemeente in diskusje oer ‘it enerzjylânskip’. Dan giet it ynienen oer miskien wol hûnderten hektaren dy’t nedich binne foar de eigen enerzjywinning. En dat wylst wynmûnen fan de Provinsje net meie en sinneparkem beheind wurde. It wie in jûn om te ferkennen en sawat 250 ynwenners tochten mei, sawol fol noeden as entûsjast. It wie in foarbyld fan hoe’t it aanst yn sokke diskusjes yn oare gemeenten gean sil. Of pakke we dat provinsjebreed oan?

Sil enerzjy skiplik lânje? Waadhoeke fertsjinnet in komplimint. Fryslân fertsjinnet… mear skjinne enerzjy.

Bouwe de Boer wennet yn Akkrum en is projektlieder fan Freonen fan FossylFrij Fryslân – Skjinnerlân.
juny 4, 2021 09:35
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.