Bouwe de Boer: Arcadia, it bêste lân fan de ierde
Resint ferskynd
Kollum
Fryslân wie yn 2018 Europeeske Kulturele Haadstêd. Wy kinne der noch lang fan neigenietsje. It goede nijs is ommers dat de organisaasje yn 2018 al besletten hat dat der yn 2022, yn 2026 en tsien jier nei dato 2028 in ferfolch komt. Net sa grut as yn 2018, mar wol in kultureel jubeljier, yn dit gefal hûndert dagen lang. Fan april oant augustus 2022 stiet Fryslân yn it teken fan Arcadia.
Yn Wikipedia lêze we dat Arcadië of Arcadia in utopysk lân is, fol blommen, fruit, bosken, helder wetter en fûgelsang en mei in ivige simmer. En dat dy eleminten yn de klassike âldheid diel útmakken fan in ideaal-lânskip dat der ea west hawwe soe yn in ferlern giene Gouden Tiid oan it begjin fan de minskeskiednis.
Soks sil in protte Friezen sûnder mis ynspirearje om yn 2022 Fryslân wer fan syn bêste kant sjen te litten en dêr in nije beweging mei op gong te bringen. Iksels hear by de minsken dy’t fuortdaliks ynspirearre reitsje as se soksoarte bewegingen fernimme. Arcadia of ‘it bêste lân fan d’ ierde’ wurdt neamd yn ús folksliet. It is in moai stribjen om dat bêste lân yn 2022 ris goed tsjin it ljocht te hâlden. Binne wy wol ûnderweis dêrhinne? In lân fol blommen binne we net mear en mei de fûgels liket it al net folle better. In protte minsken sitte terjochte yn noed oer de kwaliteit fan út iten en de relaasje mei ús sûnens.

Skries op ’e hikke. Boarne: pixabay.com
De lêste jierren nimt dy noed ta. Der komme hieltyd mear groepen minsken yn de aksjestân. Tink mar oan de enerzjykoöperaasjes, de inisjativen foar alles wat gearhinget mei fitaliteit (bloeisônen), bedriuwen en gemeenten dy’t de SDG’s (Sustainable Development Goals) omearmje. Der komme lokale plukbosken, de fraach nei lokaal iten nimt hurd ta, hieltyd mear minsken swimme sels winterdeis. Ik wol mar sizze: der is ûnrêst en dat is altyd in prima foarboade foar drokte as der in poadium bean wurdt. Arcadia is dat poadium. Hâld it mar goed yn ’e gaten: yn 2022 lit Fryslân op grutte skaal sjen dat ús folksliet oer tweintich jier noch hieltyd goed by ús past. En de skries op ’e hikke ropt wer: grito-griet!
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje