Boeren en túnkers: genietsje fan ús lânskip yn Noard-Nederlân

juny 5, 2021 10:28

Mei it bettere waar sykje in protte Nederlanners it fertier wer mear bûtendoar. Tagelyk jilde foarearst noch hieltyd de oproppen om grutte groepen te mijen. LTO Noard, de belangeferiening foar boeren en túnkers, moediget de minsken oan om it plattelân te besytsjen. It lânskip fan de boeren en túnkers is rom, rêstjaand en goed tagonklik foar besikers. “Wy wenje yn in prachtich lânskip. Fansels litte wy oaren dêrfan meigenietsje”, seit Brenda Timmerman, regiobestjoerder LTO Noard regio Noard.

Foto: pixabay.com

Sûnt de start fan de koroanapandemy hechtsje minsken hieltyd mear wearde oan de romte bûten. Benammen troch it protte thúswurkjen en sletten plakken waard it ferlet om bûten te kuierjen hieltyd grutter. Tagelyk wurde minsken faak konfrontearre mei troch gemeenten ôfsletten natuergebieten. It plattelân is dêr in oplossing foar.

“Minsken binne fan herten wolkom om troch it plattelân te kuierjen of te fytsen. Dat doch ik sels ek graach”, seit Brenda Timmerman. Wol jout se oan te ferwachtsjen dat minsken de regels respektearje. Sa wurdt oan minsken frege om by in besite gjin ôffal efter te litten. Swalkôffal kin nammentlik libbensgefaarlik wêze foar bygelyks kij. Der moat ek hoeden mei de hûn omgien wurde. Hûnen moatte altyd oanline wêze en minsken wurdt frege om in hûnepoeppûdsje mei te nimmen. “In metalen lipke of in parasyt yn hûnepoep kinne derfoar soargje dat in ko deagiet. Dat wolle we net”, seit Timmerman.

Koarte keat
Troch te kuierjen oer it plattelân krije minsken ek de kâns om produkten streekrjocht by de boer te keapjen. Der stean hieltyd mear aaie-automaten, molketapen en tsiisautomaten by pleatsen. Sa kinne minsken in earlik en farsk produkt foar in goede priis keapje. In kuiertocht wurdt in sûn útstapke, dêr’t men de sjarme fan it boerehiem by priuwt. Op de webside fan Lekkerder by de boer is in ynteraktive kaart te sjen mei lokaasjes dêr’t produkten streekrjocht ferkocht wurde.

Lânskipsbehear
It lânskip sjocht der ek hieltyd better út. De lêste jierren sette boeren en túnkers har hieltyd mear yn om mei harren lânskip it bioferskaat te fersterkjen. Se lizze bygelyks bloeiende sleatskanten en houtwâlen oan. De boeren en túnkers hâlde it kûlizelânskip op it plattelân ek yn stân. Brenda Timmerman: “Wy fiele ús dêr ferantwurdlik foar. Lânbougrûn is ûnderdiel fan de natuer. En it moaie plattelân heart by Nederlân.”

juny 5, 2021 10:28
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.