Boek oer túnarsjitekt Lucas Pieters Roodbaard
Resint ferskynd
- Stikstofprotest: moandei 30 maaie kij út de greide 0
- Skilderij ‘Guess who i saw today’ wer te plak 0
- Amtners en oaljebedriuwen wurken gear om gaswinning Grinslân trochgean te litten 0
- Provinsje wol dat minsken yn it Frysk jild pinne kinne 0
- Famyljeportret Van Eysinga feestlik ûntbleate yn Eysingahûs 0
Koartlyn kaam by útjouwerij Noordboek it ymposante boek fan Rita Radetsky oer túnarsjitekt Lucas Pieters Roodbaard (1782-1851) út.
Túnarsjitekt Lucas Pieters Roodbaard waard yn 1782 berne yn it Drintske Rolde en ferstoar yn Ljouwert yn 1851. Dit boek set syn wurk yn de kontekst fan de túnarsjitektuer yn Noardwest-Europa. Roodbaard wurke yn de lânskipsstyl dy’t skaaimerke wurdt troch kronkelpaden, slingerfivers, iepen en tichte túndielen en túnsieraden lykas priëlen.
Roodbaards libbensrin is beskreaun en dêrby binne in protte ferrassende nije feiten oan it ljocht kaam. Hy wie favoryt yn in grut netwurk fan de Fryske, Grinslânske en Drintske elite. It levere him in protte opdrachten op. Hy ûntwikkele in eigen styl dêr’t syn byldzjend fermogen in grutte rol yn spile. Sawol syn wiidweidige oeuvre as de beynfloeding troch Nederlânske en bûtenlânske túnarsjitekten binne analysearre.
Nij is de metoade fan rekonstruksje fan syn wurkwize op basis fan net earder brûkte argivalia. Fierder jout de auteur fan it ryk yllustrearre boek mei in protte ûnbekend byldmateriaal omtinken oan de neifolging en wurdearring fan Roodbaards wurk.
Rita Radetzky studearre keunstskiednis en klassike archeology oan de Ryksuniversiteit Grins. Hja publisearret oer de elitekultuer, yn it bysûnder oer arsjitektuer en túnarsjitektuer yn Fryslân. Yn 2021 promovearre se op in ûndersyk oer túnarsjitekt Roodbaard en de lânskipsstyl.
ISBN 978 90 5615 7517 | hurde omkaft | 446 siden | € 49,90
Tuinarchitect Lucas Pieters Roodbaard (1782-1851) en de landschapsstijl is te keap by de boekhannel en fia www.noordboek.nl.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje