Boek oer de Prinsetún yn Ljouwert

juny 30, 2021 08:44 Fernijd

Fan ’e wike ferskynt by útjouwerij Noordboek it boek oer it populêre stedspark yn Ljouwert, skreaun troch Els van der Laan-Meijer en Willemieke Ottens: Prinsentuin Leeuwarden.

Boarne: Noordboek

Yn ’e monumintale stedskearn fan Ljouwert leit de Prinsetún, ien fan de griene pearels dy’t de Fryske haadstêd ryk is. Healwei de santjinde iuw waard de tún as lusthôf oanlein troch stedhâlder Willem Frederik van Nassau. Dat hôf kenne we no as de Prinsetún, dêr’t in skat oan bysûndere ferhalen út ferskate perioaden yn de skiednis fan de stêd yn skûlet.

Nei’t yn 1819 kening Willem I de hôftún weromjoech oan de bewenners fan de stêd, skreau it stedsbestjoer in opdracht ta werynrjochting út. Dy opdracht hold ferbân mei it ûntmanteljen fan it bolwurk. Dêrmei wie Ljouwert ien fan de earste stêden yn Nederlân dy’t in iepenbier stedskuierpark op de fêstigingswurken oanlizze liet.

Stedsarsjitekt Gerrit van der Wielen (1767-1858) en ‘arsjitekten fan bûtens’ Lucas Pieters Roodbaard (1782-1851) wurken sa’n fyfentweintich jier oan de transformaasje fan de stêd. Njonken de Prinsetún ûntwurp Roodbaard in oaniensletten grienstruktuer op it bolwurk, dêr’t de kuiertocht sintraal yn stie. Syn kolleksje ûntwerptekeningen jout in prachtich ynsjoch yn de fasearre oanlis fan 1821 oant likernôch 1846.

No, twahûndert jier nei’t begûn waard mei it omfoarmjen fan de Printetún ta iepenbier stedskuierpark, hat it monumintale grien in nije betsjutting krigen. It park herberget it ferhaal fan it ferline, mar it freget tagelyk om in takomstbestindige fyzje.

ISBN 978 90 5615 809 5 | papieren omkaft | 88 siden | € 17,90                                

Prinsentuin Leeuwarden is te keap by de boekhannel en fia www.noordboek.nl.

juny 30, 2021 08:44 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.