Boalserter oaljekoeken

juny 19, 2021 06:28

Folksferhaal, neiferteld troch Matthijs Verkuijl

Yn syn kollum fan 4 juny 2021 hie Aant Mulder it oer skelnammen en bynammen. In nijsgjirrich stikje.

Foto MV

It ûndersteande spile him hiel lang lyn yn Boalsert ôf. In houtsnijer, Rommert, krige fan it bestjoer fan de Martinytsjerke de opdracht om koarbanken te meitsjen. Net samar gewoane, mar de moaiste fan hiel Fryslân. Rommert wie tige bliid mei de opdracht, om’t er no de mooglikheid hie in masterkreaasje te meitsjen. Mar it gie him net nei it sin. In soad sketsen waarden troch himsels ôfkard en it rûn him wat oer de fûst. Eins wie de moed derút.

Op in jûn stie der hookstrooks in frjemdling yn syn wurkpeats. Dy bea him oan om him mei in gaadlik ûntwerp te helpen.
“Dat soe moai wêze, mar wat binne jo betingsten”, andere Rommert.
De man helle tekeningen út syn tas, dy’t sa moai en keunstich wiene dat Rommert suver wat oerdondere waard.
“Jo krije dy ûntwerpen as jo my tasizze dat as jo yn ’e rin fan it jier wat bysûnders tafalt, dat foar my wêze sil.”
Rommert stimde sûnder neitinken daliks mei it foarstel yn.

It libben gie fierder, it wurk foardere bêst en elkenien wie fol lof. Rommert wie de frjemdling al fergetten, mar doe’t nei in hoart syn frou swier bliek te wêzen, heugde it him ynienen wat er tasein hie, en doe’t se fan in famke befoel, moast er it har wol fertelle. Fansels wie dy sa lilk as in tuorre en skold him de pochel fol. Se sei: “As dy man werom komt, hâldsto dy katoen en ik sil my dermei rêde.”

Foto MV

Doe’t de man der wie, bakte syn frou oaljekoeken. Foar de frjemdling hie se in oantal makke mei in mingsel fan tarre, swevel, piper, glês en gloar deryn. “Jo ite fansels wol mei nei sa’n lange reis”, sei se en joech de frjemdling in pear fan dy spesjale oaljekoeken.

Dêr hie de frjemdling wol sin oan, mar dat rûn fansels net goed ôf. De man ferbaarnde de kiel en slokterm. Hy krige it sa benaud en hie safolle pine dat er net wist wêr’t er it sykje moast. Hy fleach de doar út en Rommert hat hin nea wer sjoen.

Se hearden noch wol in gjalp en yn ’e fierte in stim: “De Boalserters sille altyd oaljekoeken neamd wurde en gjinien sil witte dat jo de banken makke hawwe.”

“Dúdlik de duvel”, sei de frou en se ieten de goeie oaljekoeken tegearre op. Mar de flok hat wol syn útwurking hân: oant no ta wit nimmen wa’t de banken makke hat en de Boalserters wurde noch hieltyd oaljekoeken neamd.

juny 19, 2021 06:28
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.