Bewegers besauwe har oer bedroefd bytsje skreaun Frysk

juny 5, 2021 07:32

De foarsitter fan de Ried fan de Fryske Beweging, Pier Bergsma, brocht okkerdeis by Omrop Fryslân Radio al op it aljemint dat it Frysk yn ús maatskippij skriftlik fierstente min brûkt wurdt. Want “sûnder besef en kennis fan it skreaune Frysk witte Friezen hieltyd minder wat Frysk is en wat net”, sa ferdútste professor Goffe Jensma fjouwer jier tebek. Dêr is fansels goed ûnderwiis foar nedich, mar Bergsma frege him foar de radio retoarysk ôf: “Wêrom soest eins Frysk lêzen leare ast it net hoechst te lêzen?

Yn syn nijste fearnsjierberjocht jout de Ried in protte omtinken oan dat ûnderwerp. Sa binne der in hoop yngreven Fryske organisaasjes dy’t yn nijsbrieven en op websiden lykwols yn haadsaak yn it Nederlânsk kommunisearje. De Ried is no úteinset mei in aksje om sokke ynstânsjes geweken te nimmen. Mar de Provinsje Fryslân, dy’t de measte fan dy organisaasjes stipet, soe dêr mei subsydzjestreamen folle better yn stjoere kinne.

Op fersyk fan dyselde provinsje is der, yn ‘e mande mei de Feriening Frysk Underwiis en it Europeesk Buro Lytse Talen, harsenskrabe oer wat ‘it literêre fjild’ neamd wurdt. De Ried hat der yn dat fermidden allyksa op wiisd dat folle breder sjoen wurde moat as allinne nei literatuer: funksjoneel en ferdivedearjend Frysk hawwe in folle grutter berik. De provinsje is sels op dat mêd likemin op syn iepenst, meidat dy okkerlêsten in ynformatyf blêd útjoech mei mar in kromke Frysk.

De Fryske Bewegers besykje it goede foarbyld al te jaan, mei funksjoneel Frysk, sjoch bygelyks harren webside (mei dêrop de jierferslaggen en -rekkens fan de lêste twa jier dy’t omreden fan de koroanagoarre noch net yn in algemiene bestjoersgearkomste behannele wurde koene), en mei ynformaasje en ferdivedaasje op dizze nijswebside (dy’t lykwols oant no ta in te lyts berik hat, ideeën foar ferbettering binne dêrom noch hieltyd wolkom) en yn it blêd DE NIJE (sjoch hjirre foar foarbyldjeften).

Dêroer en oer noch folle mear is te lêzen yn de nijste printe nijsbrief dy’t dizze wike ûnder de stipers fan de Ried fan de Fryske Beweging ferspraat is, mar dy’t hjirre likegoed yn al syn hear en fear foar elkenien te lêzen is; klik dêrfoar op: Nijsbrief RfdFB maitiid 2021

Besjoch hjirre wat der allegearre noch al yn it Frysk te lêzen is op it wrâldwide web.

juny 5, 2021 07:32
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. wim juny 5, 09:45

    Ik fyn it mar nuver dat Fryske gemeenten hast gjin Frysk brûke op sociale media. Dy moatte it goeie foarbyld jaan.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.