Besmettingen yn Feriene Keninkryk mei twatredde tanommen

juny 5, 2021 11:04

Yn it Feriene Keninkryk is it tal minsken dat koroana skipe hat yn in wike tiid mei twatredde tanommen. Neffens it Britske statistykburo skipen yn ’e wike oant 29 maaie sa’n hûnderttûzen minsken de sykte. In wike earder wiene dat der 60.000.

Foto: GGD

In hieltyd grutter part fan de minsken kriget de Yndiaaske fariant fan de sykte ûnder de lea, berjochtet de BBC. Yn gebieten dêr’t dy besmetlikere fariant foarkomt teste de sûnenstsjinsten ekstra yntinsyf. It tanimmen fan it tal besmettingen kin dêr mei oan ta te skriuwen wêze.

Yn Ingelân en Wales binne de besmettingen it slimst tanommen. Yn Ingelân hie ien op de 640 minsken ôfrûne wike Covid-19, de wike dêrfoar wie dat ien op de 1120. Yn Wales naam dat ta fan ien op de 3850 nei ien op de 1050.

Neffens in heechlearaar genêskunde is noch net dúdlik oft troch de ekstra besmettingen ek mear pasjinten yn it sikehûs opnommen wurde moatte. “It stiet foar ús fêst dat as men ien of twa doases fan it faksin hân hat, de kâns lytser is dat men de sykte skipet. En as dat dochs bart, men minder gau yn it sikehûs bedarret.”

juny 5, 2021 11:04
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.