Belgyske terreursoldaat Jürgen Conings is dea

juny 21, 2021 20:46

Jürgen Conings is dea. De Belgyske plysje hat syn omskot yn in natoergebiet yn Limburch fûn. Dêr is wol om him socht, mar it liket as hawwe de sikers it lyk oer de kop sjoen, mei’t er al tusken de ien en fjouwer wike dea is.

Beropsmilitêr Conings ûntfytmanne mids maaie sjitark út in Belgyske kazerne. De Belgyske plysje beskôge him as “mooglik gewelddiedich ekstremist” en mooglik terrorist. Hy hie it net op firolooch Marc van Ramst en hat dy ferskate kearen bedrige. Van Ramst is dêrom ûnderdûkt. 

Der is wikenlang om Conings socht. Tafallich waard er snein troch de boargemaster fan Maaseik yn it natoergebiet fûn. De plysje tinkt dat Conings himsels tekoartdien hat.

juny 21, 2021 20:46
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.