Beklimmers 8: ‘Bezint eer ge begint’

juny 4, 2021 08:42

It plattelân is by útstek it plak foar spiritualiteit. De stilte biedt romte foar rêst en besinning. Kin Fryslân dêr net mear mei dwaan, is de fraach yn ‘Bezint eer ge begint’, diel 8 fan de FryslânDOK-searje ‘Beklimmers fan it flakke lân’. Te sjen op 5 juny by NPO2 en op 6 juny by Omrop Fryslân.

Sherab, bewenner boeddhistysk kleaster Hantum (foto: Omrop Fryslân)

Yn de santiger jierren kamen de earste hippys nei Hantum. In hillich en bysûnder krêftich plak, seit Sherab, de behearder fan it Tibetaansk boeddhistysk sintrum. Jierliks reizgje hûnderten minsken nei Hantum om te meditearjen en te bekommen. It leit hielendal op ‘e romte. It is der stil.

Ut ‘e tiid stappe
Neffens filosoof Joke Hermsen binne stilte, kalmte en oandacht belangrike betingsten foar kreativiteit en helder tinken. Minsken wurde hjoed-de-dei sa opjage troch de klok, dat se it risiko rinne op in burn-out. We moatte, seit Hermsen, sa no en dan oan de kloktiid ûntsnappe. Dy ‘tuskentiid’ ha wy nedich.

Filosofe Joke Hermsen (foto: Omrop Fryslân)

Ferfallen pleats wurdt kleaster
Nijkleaster yn Jorwert is in mienskip dy’t siket nei nije wegen foar leauwen en spiritualiteit. Dûmny Hinne Wagenaar is ien fan de inisjatyfnimmers. De mienskip bout in âld pleats om ta in modern kleaster mei fêste bewenners, dêr’t gasten ek wolkom binne.

Besinningstoerisme yn Skettens
Bêd & Brochje yn de tsjerke fan Skettens lûkt ek minsken dy’t nei spiritualiteit en besinning sykje. Se sliepe yn de toer en ite it moarnsbrochje yn de konsistoarje. It tsjerkebestjoer neamt de tsjerke ‘Us Stille Misjonaris’.

Nijkleaster Jorwert (foto: Omrop Fryslân)

Spiritualiteit op it flakke lân
Yn ‘Bezint eer ge begint’ ûndersykje programmamakkers Albert Jensma en Bart Kingma de rol fan spiritualiteit op it plattelân. It is diel 8 fan de searje ‘Beklimmers fan it flakke lân’. Dêryn siket FryslânDOK nei lytsskalige, lokale inisjativen op basis fan grutte ideeën en idealen.

FryslânDOK ‘Bezint eer ge begint’
Sneon 5 juny, 15.30 oere, NPO2 (werhelling 6 juny 13.10 oere)
Snein 6 juny, 17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)

juny 4, 2021 08:42
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.