Bakkefeanster dunen/Mandefjild allinne foar kuierders
Resint ferskynd

Boarne: It Fryske Gea
It natuergebiet de Bakkefeanster dunen/it Mandefjild hat in soad te lijen fan de tanimmende drokte. Dêrom beheine Steatsboskbehear en It Fryske Gea de tagong. Fan 12 july ôf kinne allinne kuierders oerdei it gebiet yn en as dy in hûn by har hawwe moat dy oan ’e riem.
Kuierrûten binne der fan 4,5 km, 8 km, 3,5 km en 1,5 km. Troch it oardel kilometer lange rolstoelfreonlike paad is It Mandefjild is ek berikber foar minderfaliden.
It Natura 2000-gebiet bestiet út bosk, heide, petten, greide en stosân. In eldorado foar alderhande bysûndere planten en tal fan diersoarten lykas hagedissen, njirren en flinters. Op de sângrûn groeie allegear moassen en ynsekten. Sa’n gebiet hat it dreech troch drûchte, fersuorring en drokte en hat dêrom ferlet fan beskerming.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje