Autobesit yn Fryslân ôfrûne fyftjin jier mei 18,7% tanommen
Resint ferskynd
Tusken 2005 en 2020 is it autobesit op it tal húshâldens yn Fryslân mei 18,7% tanommen. Dat is twa kear safolle as de lanlike stiging fan 9,1%. Op provinsjaal en lanlik nivo wie de grutste stiging op Skylge te sjen: dêr hiene húshâldens sels yn trochsneed 30% mear auto’s. Dat en mear docht bliken út ûndersyk fan Independer op basis fan de resintste CBS-data.
Grutste oanwaaks op Skylge
Nettsjinsteande dat oeral yn Fryslân it tal auto’s neffens it tal húshâldens tanaam, binne der grutte ferskillen tusken gemeenten. De grutste oanwaaks wie op Skylge. Dêr naam it oantal auto’s op it tal húshâldens ta fan 0,7 nei 0,91 (+30%). Yn de gemeenten Weststellingwerf (+26,2%) en Noardeast-Fryslân (+22,8%) naam it tal auto’s op ’e oprit ek sterk ta. Op Skiermûntseach wie dat it lytst: 2,6%.
Measte auto’s yn Opsterlân
Yn Fryslân hawwe húshâldens yn trochsneed 1,08 auto’s op ’e oprit stean. Dat binne der 12,8% mear as it lanlik trochsneed fan 0,96 auto’s op in húshâlden. Yn Opsterlân hawwe se – gemiddeld sjoen – de measte auto’s: 1,29. Dat is 25,2% mear as it lanlik trochsneed. Yn Dantumadiel (+33,2%) en Achtkarspelen (+30,8%) hat de befolking oer it generaal ek mear auto’s as yn trochsneed.
De hege oantallen yn dy gemeenten binne foar in part te ferklearjen troch de relatyf grutte ôfstân dy’t de ynwenners foar basisbehoeften ôflizze. Dêr moat yn trochsneed dûbeld safier nei in supermerk riden wurde as yn Ljouwert en op Skiermûntseach en Flylân, der’t it autobesit dan ek folle leger leit (respektyflik -15,6%, -33,8% en -34%). Boppedat binne dy eilannen auto-earm.
Mear ynformaasje oer it autobesit yn gemeenten is te lêzen op www.independer.nl/autoverzekering/info/onderzoek/toename-autobezit.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje