AstraZeneca-wegerders krije nije oprop foar oar faksin

juny 1, 2021 08:52

Minsken dy’t it AstraZeneca-faksin krije soene, mar dat wegere hawwe, wurde meikoarten opnij oproppen om pript te wurden troch de GGD mei Pfizer, Moderna of Janssen. Minister Hugo de Jonge fan Folkssûnenes makke dat juster yn in Keamerbrief bekend.

Foto: pixabay.com

In part fan de 60- oant 64-jierrigen, dy’t fia harren húsdokter AstraZeneca krije koene, woe dat spesifike middel net ha. Se krigen doe gjin alternatyf. In protte Astra-wegerders hoopje dat se aanst wol sels kieze meie. Mear as 16.000 minsken hawwe in petysje ûndertekene, rjochte oan de minister. It doel is om 60-plussers de frijheid te jaan om te kiezen foar faksinaasje mei Pfizer of Moderna. Dy faksins binne wat effektiver as AstraZeneca en Janssen, al wurkje dy ek tige goed tsjin slimme koroana.

Der is noch altyd wantrouwen tsjin it AstraZeneca-faksin troch it nijs oer slimme, mar tige seldsume, bywurkingen. It krekte oantal Astra-wegerders is ûnbekend, ûnder mear om’t in protte húsdokters en soarchynstellingen efterrinne mei it trochjaan fan de faksinaasjes. Neffens rûzingen fan it RIVM hat fierwei it grutste part fan de 60- oant 64-jierrigen in earste prip hân, mar húsdokters sizze dat in flink part de prip wegere hat.

Sûnt in advys fan de Sûnensrie begjin april krije minsken ûnder de sechtich jier gjin AstraZeneca mear. Bywurkingen wurde foaral by jonge minsken oantroffen. In frije kar wurdt it nei alle gedachten net foar de Astra-wegerders. Earder sei minister De Jonge tsjin in karmodel te wêzen.

juny 1, 2021 08:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.