Annemiek van der Hoek wint ûntwerpwedstriid keunstwurk Undernimmerspriis 2021

juny 7, 2021 08:49

Annemiek van der Hoek út Snits mei it keunstwurk meitsje foar de gemeentlike Undernimmerspriis 2021 dy’t dit jier it tema ‘ynnovaasje’ hat. It idee waard keazen út de ynstjoeringen fan fiif keunstners út de gemeente.

Annemiek van der Hoek (eigen foto)

“Wy wiene bliid ferrast mei de fiif ynstjoeringen”, seit wethâlder Mirjam Bakker (keunst en kultuer), ien fan de trije sjueryleden. “Alle fiif ûntwerpen hawwe op hiel eigen wize ynfolling jûn oan it tema ynnovaasje. De kar wie dan ek net ienfâldich. Mar wy fûnen dat it ûntwerp fan Annemiek it bêste by it tema en it doel fan de priis oanslút.” De sjuery, dy’t fierder bestie út Annemarie van der Reijden (haad fan Akte2, it kultuerburo fan Kultuerkertier Snits en Seewyn) en Belinda Visser (earder eigner fan Galery Kunstconsult en Artdeco Magazine), wie unanym.

Annemiek van der Hoek (25) is in jonge talintfolle keunstneresse. Fan septimber ôf is har wurk te sjen by de útstalling Jong & Veelbelovend yn Museum Villa Mondriaan yn Winterswijk. Yn 2019 wie se nominearre foar de Akademy Minervapriis foar byldzjende keunst. Swijend, de iene kear oan de sydline en dan wer midden yn it fjild, observearret se de wrâld. Om krekt te wêzen: minsken. Hja besiket patroanen te ûntdekken en relaasjes te sjen. Har fassinaasje foar minsklike kommunikaasje ferbynt se mei har leafde foar struktuer en ienfâld.

Utrikking ûndernimmerspriis
De finale fan de ferkiezing meast ynnovative ûndernimmer fan Súdwest-Fryslân 2021 is op 15 novimber yn it teater fan Snits. Dan wurdt it keunstwurk mei in wearde fan € 2.500 ûntbleate en útrikt. Bedriuwen yn Súdwest-Fryslân kinne noch hieltyd foar de ferkiezing oanmeld wurde. Wa’t in bedriuw hat of ken dat koartlyn fernijingen trochfierd hat, kin dat oanmelde foar de Undernimmerspriis 2021 mei it oanmeldformulier op de webside fan de gemeente Súdwest-Fryslân:  www.sudwestfryslan.nl/ondernemersprijs.

juny 7, 2021 08:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.