Amtners hawwe mei sin ynformaasje benefterhâlden yn taslagge-affêre

juny 11, 2021 12:09
Foto: pixabay.com

De Nederlânske Belestingtsjinst hat al yn 2017 it advys fan in hege juridysk meiwurkster krigen om de slachtoffers fan ‘e taslagge-affêre in finansjele kompensaasje te jaan. De topamtners fan de Belestingtsjinst en it ministearje fan finânsjes wisten fan dat advys, dat stuolke op it oardiel dat de Belestingtsjinst te’n ûnrjochte de taslaggen fan hûnderten âlden net útkeard hie.

De topamtners dêr’t it om giet, hawwe lykwols tsjin de parlemintêre enkêtekommisje sein dat se neat wisten fan it oardiel en it advys fan de juriste. Amtners hawwe mei sin besocht om de tekst geheim te hâlden.

Dat docht bliken út ûndersyk fan de krante Trouw en it programma RTL Nieuws. Hja hawwe ûntdutsen dat de tekst fan juriste Sandra Palmen yn 2019 yn in amtlik oerlis, dêr’t de topamtners by wiene, bepraat is. Neffens de ûndersykjende sjoernalisten hat it ministearje mear ynformaasje benefterhâlden. It ministearje ûntstriidt dat.

It ûndersyk nei de net útkearde taslaggen is der kommen op oanstean fan CDA-Twadde Keamerlid Pieter Omtzigt. Omtzigt sit al in hoart siik thús. Hy kaam hjoed yn it nijs, trochdat der in ferslach fan syn hân oer misstannen yn it CDA útlekt is.

juny 11, 2021 12:09
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.