Amerikaansk rapport oer ufo’s ferskynt dizze moanne
Resint ferskynd
De Amerikaanske ynljochtingetsjinsten hawwe gjin bewiis fûn dat de ûnidentifisearre fleanende objekten (ufo’s) dy’t de lêste tweintich jier waarnommen binne, fan bûtenierdske wêzens ôfkomstich binne. Mar it kin noch hieltyd net útsletten wurde, sizze heechpleatste funksjonarissen oer in rapport oer ufo’s tsjin The New York Times.
In ferklearring foar de fenomenen hawwe de ûndersikers net fine kinnen. Wol is dúdlik wurden dat de oergrutte mearderheid fan de goed 120 waarnommen objekten net feroarsake is troch it leger of troch Amerikaanske technology. Dat soe betsjutte dat de oerheid gjin geheime projekten ferberget foar de befolking, lykas komplottinkers al jierren beweare. Dochs is ynminging fan bûtenierdske wêzens net folslein út te sluten, mei’t de befiningen sa dûbelsinnich binne, stelle de funksjonarissen yn ’e krante.
Yn it rapport dat letter dizze moanne offisjeel presintearre wurdt, soe stean dat in protte waarnimmingen fan ufo’s noch hieltyd dreech te ferklearjen binne. It giet dan bygelyks om de faasje fan de objekten en de mooglikheid om fan rjochting te feroarjen en ûnder wetter te gean. Der wurdt tocht oan waarballonnen, mar dy ferklearring kin net by alle waarnimmingen jûn wurde. De Amerikaanske ynljochtingetsjinsten hawwe it fermoeden dat in stikmannich fan de ufo-waarnimmingen ta te skriuwen binne oan eksperimintele technology fan in rivalisearjende mogendheid.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje