Amerikaan twa dagen yn lânboumasine beknypt

juny 10, 2021 09:09

De brânwacht yn de Amerikaanske steat Kalifornië hat in man rêden dy’t twa dagen lang yn in lânboumasine fêstsiet. Hy wie om ûndúdlike redenen yn it apparaat klommen en beknypt rekke.

Wyngaard yn Sonoma County (foto: Wikipedia/Anlace – CC BY-SA 3.0)

Plysjes wiene op in melding fan in ferlitten auto by in wyngerd ôfkommen, en seagen in huodsje oan de apparatuer hingjen. By fierder ûndersyk ûntdutsen se de man yn ’e skacht fan in wyngerdfentilator, bedoeld om de temperatuer fan gewaaksen op peil te hâlden.

Neffens in wurdfierder mei de man him lokkich priizgje dat in omstanner skille hie, want “dit hie folle tragysker ôfrinne kinnen”. De man koe gjin goede ferklearring jaan hoe’t er beknypt rekke wie. Hy fertelde dat er graach âlde lânboumasines fotografearje mei, mar neffens de plysje wie de apparatuer dêr’t er yn siet net âld en hie er “mear metamfetamine as fotoapparatuer by him”.

Nei’t de brânwacht him befrijd hie, waard er yn it sikehûs opnommen foar in stikmannich ferwûningen, mar nei alle gedachten sil er der neat oan oerhâlde. Wol wurdt er oanklage om drugsbesit en oanwêzichheid op ferbean terrein. Neffens de plysjewurdfierder fan Sonoma County falt der in les te lûken út it ynsidint: “Besideplakboartsje moat men op syn minst mei twa persoanen dwaan.”

juny 10, 2021 09:09
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.