AmbachteLab Bordueren yn Frysk Museum

juny 1, 2021 08:43

Yn ’e mande mei Kennissintrum Ymmaterieel Erfgoed Nederlân organisearret it Frysk Museum fan no ôf fiif wike lang it AmbachteLab. By it AmbachteLab ûndersykje studinten moadeûntwerp fan it Fryslânkolleezje it ambacht bordueren mei ferskate tekstyleksperts en moadeûntwerpers as Theodorus Johannes Adriaans en Zyanya Keizer. De dielnimmers wurkje yn it atelier fan it Frysk Museum en dogge ynspiraasje op yn de útstalling Haute Bordure. Op tiisdei 29 juny presintearje se it einresultaat yn it Frysk Museum.

Theodorus Johannes yn ‘Haute Bordure’ (foto: Marieke Balk)

AmbachteLab
It AmbachteLab is in inisjatyf fan it Kennissintrum Ymmaterieel Erfgoed Nederlân út 2018. Dêrmei wurdt oansletten by de oprop fan minister Ingrid van Engelshoven om nij gebrûk fan âlde ambachten te stimulearjen. AmbachteLab besiket dêr in konkrete ynfolling oan te jaan. It projekt is rjochte op ferkenning en nijsgjirrigens, en bringt ferskate profesjonals en opliedingen byinoar. Sa wurdt ynteresse en kennisútwikseling oer en wer stimulearre.

By de sesjes yn it Frysk Museum skowe studinten Fatima Shariki, Diana Kotanowa en Sieta Posthumus fan it Fryslânkolleezje oan, lykas Sary Maas, Ans Nout, Theodorus Johannes en Zyanya Keizer. Kotanowa foel resint mei har borduerwurk yn ’e prizen by de Global Games, in wedstriid dêr’t it Fryslânkolleezje de Global Goals fan de Feriene Naasjes mei ûnder de oandacht besiket te bringen. Fan Keizer is ek in stik te sjen yn de útstalling Haute Bordure en Johannes fersoarge in masterles bordueren fan Crafts Council Nederlân. De fuortgong fan it projekt is te folgjen fia instagram.com/ambachten_lab.

Haute Bordure
Fan sneon 5 juny ôf presintearret it Frysk Museum in grutte útstalling oer bordueren yn ’e moade. It oplibjen fan it ambacht by grutte moadehuzen en hjoeddeiske ûntwerpers wurdt yn histoarysk perspektyf pleatst oan ’e hân fan fjouwer iuwen boduerwurk. Klean en assessoires út de eigen kolleksje wurde oanfolle mei in protte histoaryske en eigentiidske kreaasjes. Fan 18e-iuwske manljusfesten mei minusjeus borduerde roazeknoppen oant in jûnsjurk mei rinkeljende bellen fan Viktor & Rolf, en fan mei goudtried fersiere skuon út 1620 oant de ryk dekorearre japon fan Keninginne Máxima. Foar it earst ûntstiet der in dúdlik byld fan de rol dy’t mei de hân makke borduerwurk yn de Nederlânske moadeskiednis ynnimt.

It AmbachteLab Bordueren is mooglik tanksij in subsydzje fan it Fûns foar Kultuerpartisipaasje.

juny 1, 2021 08:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.