Amazon-baas Bezos sil romtereis yn syn eigen raket meitsje

juny 8, 2021 10:01

Foto: Wikipedia/LunchboxLarry – CC BY 2.0

Amazon-baas Jeff Bezos sil tegearre mei syn broer de romte yn. Op Instagram seit er dat er diel útmeitsje sil fan de earste bemanne flecht fan de New Shepard, de raket fan syn romtefeartprogramma Blue Origin.

“Al sûnt ik fiif jier waard, dream ik derfan om nei de romte te reizgjen”, seit er yn in fideo op Instagram. “Op 20 july meitsje ik dy reis tegearre mei myn broer. It grutste aventoer mei myn bêste freon.” Op dy datum is er fyftjin dagen mei pinsjoen as direkteur fan ynternetwinkel Amazon.

As alles neffens plan ferrint, is Bezos de earste fan de miljardêrs mei in romteprogramma dy’t in romtereis makket. Elon Musk, dy’t al in raket hat dy’t krêftich genôch foar in baan om ’e ierde is, hat noch gjin reis yn ien fan syn eigen raketten oankundige. SpaceX,  it romtefeartprogramma fan Musk, hat al trije bemanne flechten nei it ISS útfierd.

De Britske miljardêr Richard Branson is de direkte konkurrint fan Blue Origin. Mei syn romtebedriuw Virgin Galactic wol er partikulieren in reis yn ’e romte meitsje litte. Hy seit al sûnt de oprjochting dat er ien fan de earsten wêze wol dy’t yn syn raket stapt. Nei alle gedachten bart dat ein dit jier.

juny 8, 2021 10:01
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.