Allegear lannen draaie ferrommingen werom om opkomst Yndiaaske koroanafariant

juny 18, 2021 14:14
Boarne: pixabay.com

Yn Ruslân sjitte de koroanaynfeksjes omheech. Grut-Brittannië skoot de plende ferrommingen ynearsten foarút. Dat komt trochdat de Yndiaaske fariant fan it koroanafirus (ek wol deltafariant neamd) hurd opkomt.

It Dútske Robert-Koch-Institut, te ferlykjen mei it Nederlânske RIVM, warskôget dat de Yndiaaske fariant yn ‘e hjerst nei alle gedachten de dominante foarm fan it koroanafirus yn Dútslân is. De besteande faksinaasjes wurkje minder goed yn it foarkommen fan sykte troch dy nije firusfariant.

Yn Ingelân hat 96 persint fan ‘e minsken mei in positive koroanatest no de Yndiaaske foarm fan it firus ûnder de lea. Grutte eveneminten lykas it Europeesk wrâldkampioenskip fuotbal wurde dêrtroch nei alle gedachten ôfsein. De Dútske oerheid hat Dútsers oproppen om net nei Ingelân ta te reizgjen. Ruslân lit de plende ferommingen ek net trochgean omdat it tal positive testen yn it lân sa hurd tanimt. Dat jildt ek foar parten fan Australië: de dielsteat New South Wales hat de ôfskafte mûlekapkeplicht yn it iepenbier ferfier wer ynfierd.

 

juny 18, 2021 14:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.