Aldere fytsers wolkom op Trochtraaptestdei De Gordyk

juny 3, 2021 08:46

De nije Trochtraaprûte fan De Gordyk út (30 km) kin test wurde. Op tongersdei 10 juny is der in spesjale testdei.

Foto: pixabay.com

Dy deis fan 11.30 oant 14.30 oere stean oan de rûte by Rêstpunt De Huningbij (Tjalling Harkeswei oan it kanaal by De Himrik) fytsdosinten fan de Fytsskoalle en de buertsportcoach fan de gemeente. Op dy lokaasje kin men in beoardielingsformulier ynfolje en eventueel taljochtsje. Der stiet wat te drinken klear en de fytsers kinne fan tinzen wikselje oer feilich fytsen. Se fytse op eigen gelegenheid en starte op in momint dat it harren past.

Trochtraaprûten binne rûntsjes fan likernôch 20-25 kilometer, moai, grien, oer ridlik romme paden, mei amper obstakels en relatyf feilige krusingen. Trochtraaprûten hearre by it lanlik programma Trochtraapje, in oerheidskampanje om minsken sa lang mooglik feilich trochfytse te litten: fytsen oant jins 100e.

Wa’t oan de Trochtraaptestdei meidwaan  wol, stjoert in mailtsje nei karinbroer@xs4all.nl.

Ferline jier makke de Fytsskoalle fan it Fytsersbûn al 23 Trochtraaprûten (sjoch doortrappen.frl). No binne der wer farske test-Trochtraaprûten, Dy njoggen nije rûten wurde ûnder mear test op in tal spesjale Trochtraaptestdagen. Minsken kinne ek op in oare dei de nije rûten teste. Stjoer foar mear ynformaasje in mailtsje nei karinbroer@xs4all.nl.

Trochtraaprûten, in inisjatyf fan de Fryske Fytsskoalle, wurde makke yn opdracht fan it Regionaal Orgaan Ferkearsfeiligens (ROF) en de Fryske gemeenten, as ûnderdiel fan it lanlike programma Trochtraapje.

juny 3, 2021 08:46
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.