Aant Mulder: Skelnammen

juny 4, 2021 09:33

Kollum

De foarige kear hie ik it oer skûlnammen. Ik betocht doe dat mar ien letter in wrâld fan ferskil betsjutte kin. Ik hoech de ‑û- fan skûlnamme allinne mar yn in ‑e- te feroarjen om yn in hiele oare wrâld, dy fan de skelnammen terjochte te kommen. Skûlje, dat betsjut ûnder oaren jin ferbergje, ferburgen wêze en dat is dus wat keunstners gauris dogge. Skelle, dat is hiel wat oars. Dat betsjut: misledigjende, kwetsende taal op rûge, fûle wize uterje. De ferskillen kinne hast net grutter en tagelyk ha se mei-inoar te krijen. Men kin in skûlnamme brûke om foar te kommen dat men in skelnamme kriget.

Grou: tsiisferdûnsers, tsyskedûnsers (foto A.M.)

Skelwurden ha gauris te krijen mei skaaimerken of mei it hâlden en dragen fan minsken. Dan giet it ornaris om nammen dy’t sear dogge, dy’t it ôfwikende beneame en bespotlik meitsje. Tink oan: manke, skele, reade, ûnnoazele en sa fierder. Skelnammen binne ornaris slimmer as bynammen. Bynammen binne nammen dy’t soms brûkt wurde om minsken oan te tsjutten dêr’t men de namme net fan wit. Yn in tiid dat it ferneamen gewoan wie, hiene neven en nichten faak deselde foar- en efternamme. Yn sokke gefallen brochten bynammen ek faak útkomst. Tink oan Lytse Kees en Grutte Kees. It oantsjutten fan minsken barde ek gauris troch it neamen fan guon eigenskippen, lykas Tûke Teake, Hastige Piter. Beroppen binne ek fan belang, lykas Jan Winkelman, Klaas Sigaar, Jan Plak.

Ferwâlde: brijbrekken, koekefretters (foto A.M.)

Guon genoatskippen, histoaryske ferieningen en mear sokke ha der aardichheid oan en doch ûndersyk nei skelnammen. Der binne sels boeken oer skreaun. Tink oan de Dokkumer H. Zijlstra: Dokkum, beeld van een stad (1986). Dêr steane prachtige foarbylden yn. It is mei skelnammen lykas mei skûlnammen, eartiids hiene we folle mear as no. Ik soe der samar in pear neame kinne, mar ik wol minsken net misledigje. Dêrom ha ik op ynternet en yn boeken socht nei wat algemiene foarbylden en dy binne der genôch. In pear fan de webside fan Ut genoatskap foar ut gebrúk fan ut Dokkumers: Willem Fluit (in stoomboatkapitein), Stammerige Afke, Lange Hiltsje, Harm Supenbrij, Soa su wat, Jan Potdomme.

Eartiids koe men it der mar mei dwaan, oft men it no aardich fûn of net. Hjoed-de-dei leit it lân der folslein oars hinne. Foar’t men it wit liede skelwurden ta pestgedrach en diskriminaasje. Dat kin net mear lije. Dan wurde protokollen út it laad krige en wurde rûntepetearen en sa organisearre, as men alteast de jierren hat fan in skoalbern. Dat wie doe’t wy bern wiene al oars. Wy koene it der mar mei dwaan. Wy koene weromskelle of, helte slimmer, deryn houwe. Dêr waard it ornaris net better fan. It hie likegoed net folle doel en praat der thús of op skoalle oer. Moai dat dat no wol kin! Oan ’e oare kant, wy moatte ek net oerdriuwe. men moat al wat sizze kinne, benammen as men ris lilk is.

Willem Fluit (in stoomboatkapitein), Stammerige Afke, Lange Hiltsje,
Harm Supenbrij, Soa su wat, Jan Potdomme

Dit ferhaal oer bynammen bringt my ek noch by in oar soarte fan bynammen, bynammen fan groepen en dan dy fan ynwenners fan doarpen en stêden yn ’t bysûnder. Sokke ynwenners koene sa mei ien namme oansprutsen wurde. Dat wiene nammen dy’t yn bredere rûnten bekend wiene en fan en ta sels wol aardich fûn waarden. Guon plakken hiene sels mear fan dat soarte fan nammen. Dêr binne hiele oersjoggen fan te finen. Ik neam Stiens as foarbyld. De ynwenners waarden Stienzer rotten neamd, om’t handige hannelslju gauris rotten neamd waarden en oars waarden se wol Stienzer dobbedûnsers neamd om’t guon Stienzers grif in kear yn in dobbe mei wetter stien ha te springen om wat ferkuolling te finen. Oer dit soarte fan nammen binne ek haadstikken yn boeken skreaun. Ik tink oan: Joast Hiddes Halbertsma, Waling Dijkstra en Johan Winkler. Wat it tal nammen oanbelanget, dêr is de ein fan wei. Ik neam in pear: Dokkum‑Dokkumer granaten, Wergea‑brêgebidlers, Nij Beets‑Beetster turfkluten. Balksters waarden wol skierroeken neamd, Lemsters bokkingen, Aldeboarnsters tuorkemjitters.

Sleat: brêgebidlers, sipels (foto A.M.)

It falt op dat guon plakken deselde bynammen ha. Dat seit wat oer it spontaan ûntstean en de omstannichhden yn dy plakken. Balksters binne skierroeken, mar dat jildt ek foar de ynwenners fan Bitgummole. Sa binne der ek mear brêgebidlers: Aldtsjerk, Drylts, Heech, Sleat en Wergea. In oar foarbyld. De ynwenners fan Easterbierrum, Ferwâlde en Hallum binne koekefretters. De strideraasje tusken de doarpen wurdt fansels folslein dúdlik út it ferhaal oer de tuorkemjitters (Akkrum) en de lyntsjesnijers (Tsjom). Hawar, tiden ha tiden. Sokke nammen wurde net mear brûkt, reitsje yn it ferjittersboek of wurde inkeldris noch brûkt as nammen foar doarpskranten en guon ferieningen.

Dy nammen, bynammen, skelnammen en doarpsskelnammen waarden net allinne yn Fryslân betocht en brûkt, mar suver de hiele wrâld oer. Dy neame, dêr begjin ik mar net oan. Noch ien ding: in moai foarbyld fan oare nammen foar doarpen en stêden ha we yn de karnavalsdagen mei te krijen. Dan ha we it oer Bokkedaam (Bakhuzen) en Drabbelterp (Snits) om mar twa foarbylden te neamen. Dat kin noch lije. Fierder moatte we foarsichtich wêze mei bynammen, skelnammen, it beneamen fan minsken en groepen fan minsken. Hjoed-de-dei moatte we foar bynammen en skelnammen ornaris op de anonime sosjale media en op ynternet wêze.

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 29 maaie yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.
juny 4, 2021 09:33
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.