Aant Mulder: In bisteftich ferhaal

juny 29, 2021 07:00

Kollum

Wy ha allegearre wol lêzen en heard dat de Wet Dieren wizige is en dat soks barde op oanstean fan de Partij voor de Dieren. De nije wet, dy’t yngean moat op 1 jannewaris 2023, waard troch de Twadde en de Earste Keamer oannommen. Der hat yn de media koart diskusje oer west. Dat hat grif fan gefolgen dat minister Carola Schouten tasein hat om te besjen oft it allegearre wol like praktysk is. Dat is moai fansels, mar de wet is wol oannommen. It hie faaks better west om der earder oer te diskusjearjen. Dat hie moatten foar’t de wet yn de Twadde Keamer oannommen waard. No hat de Partij voor de Dieren wol hiel maklik de mearderheid oan syn kant krige. It hat fansels ek te krijen mei it feit dat elkenien wol fan betinken is dat bisten better behannele wurde moatte en dat se benammen mear eigen romte krije moatte. Wa’t mear oer de haadrolspilers, minister Carola Schouten en de Partij voor de Dieren, witte wol kin ik perfoarst it lêste nûmer fan DE NIJE oanriede dêr’t beide oer bisten yn oan it wurd komme. It blêd is yn boekhannel en supermerk te krijen.

Foto © AM

Likegoed hiene de fragen dy’t no steld wurde al beäntwurde wêze moatten. As ik wat artikels lês, binne it hast allegearre ynterpretaasjes. Dat is net goed genôch. Der komt in momint dat in rjochter nei de letter fan de wet sjocht en dan wolris oare konklúzjes lûke kin. It hat der sadwaande alles fan dat it regear yn sân hasten de dingen troch in amendemint en in wet goed regelje wollen hat sûnder de konsekwinsjes goed te oersjen. Dat komt de lêste tiid faker foar. Foar’t ik fierder gean sil ik efkes de essinsje fan de nije wet neame. Wa’t bisten hâldt, moat rekken hâlde mei de natuerlike omstannichheden fan dy bisten. Hoewol’t yn ’t foarste plak tocht wurdt oan it bedriuwsmjittich hâlden fan bisten, geane de measte fragen oer de húsdieren, de hûn oan de rym, it knyn yn in hok, de fûgel yn ’e koai. Wat dêroer yn de wet stiet fynt net elkenien like dúdlik en dat is it ek net.

Binne langere riemen, gruttere hokken en koaien en mear fan dat soarte fan saken moai genôch of kin in rjochter op grûn fan dy nije wet oars beslute? It giet der ommers om dat we rekken hâlde moatte mei de natuerlike omstannichheden fan bisten. It is noch mar de fraach oft we dan wol folstean kinne mei gruttere hokken en koaien mei mear bisten as no, dy’t tagelyk mear romte foar harsels as earder ha of hûnen oan langere riemen. De katten jouwe oare swierrichheden. Dy moatte fansels efter de fûgeltsjes oan kinne. Húsdieren en fee ha beide altyd te krijen mei beheiningen. Dat is wol dúdlik en dat kin hast net oars. De bisten witte net better.

Yn dat ljocht besjoen soe de earste peal fan it wolvestek om Fryslân hinne, dy’t Hans Wiegel slaan sil ek, wolris de lêste wurde.

No moatte we mear as earder rekken hâlde mei natuerlike omstannichheden fan bisten. Bêst genôch, mar hoe fier moar dat gean? Soe dat betsjutte kinne dat eksoatyske bisten net mear as húsdieren holden wurde kinne? Dat dy werom moatte nei wêr’t se weikomme. Dat soe wat wêze! No’t sirkusbisten net mear tastien binne, komme we ek oan de bistetunen ta. Fan de bistetunen kin min sein wurde dat de bisten dêre yn natuerlike omstannichheden libje kinne. Oan ’e oare kant, bistetunen sûnder bisten soe ik net folle oan fine.

Húsdieren soene folle mear frijheid ha moatte. Gjin hokken en koaien, gjin stjelpen, gjin riemen. Frijheid! Wy witte allegearre wol wat der bart as húsdieren mear frijheid krije as se no ha. Yn in bytsje tiid binne der samar folle mear. En it binne der no al in protte! Wy ha no rûchwei 2,5 miljoen katten, 1,5 miljoen hûnen en 0,5 miljoen kninen. Mear frijheid sil grif betsjutte dat der dus net minder, mar earder mear fan dy bisten komme. Hâld dêr mar rekken mei! Hast de helte fan de húshâldens (42%) hat no wol ien of mear katten en/of hûnen. As men om jin hinne sjocht, komt men maklik ta te konklúzje dat it der wol in hiele protte binne en dat in pear minder hielendal net slim wêze soe. Faaks hie de wetjouwer dêr ek wol omtinken foar ha kinnen.

Foto © AM

De wet giet lykwols benammen oer de bisten dy’t troch boeren holden wurde. Hinnen moatte moudzje kinne, einen swimme, kninen grave. Mar hoe komt it mei hynders, kij, bargen en skiep? It begjint mei mear romte, nei bûten ta kinne, frisse lucht en wetter. Dêr lês ik net iens it measte oer. De kij wer yn it lân, de bargen yn de modder. En hoe komt it mei hynst, bolle en bear? It is dúdlik wy geane nije tiden yn ’e mjitte. Foar safolle kij as no is gjin plak mear. Wy sille mei minder fleis, molke, tsiis en bûter ta moatte of it soe wêze moatte dat de blikkene bolle selskip kriget fan de blikkene ko, in keunstko dêr’t we yn dogge wat kij frette en dêr’t dan streekrjocht molke fan makke wurdt. Guon lju sizze dat soks oer in jier of fiif kinne moat.

Yn dat ljocht besjoen soe de earste peal fan it wolvestek om Fryslân hinne, dy’t Hans Wiegel slaan sil, ek wolris de lêste wurde. Dat stek om Fryslân hinne, dat sil de rjochter op grûn fan dizze nije wet grif ferbiede. De wolven ha rjocht op natuerlike omstannichheden, krekt as alle oare bisten. Dêre hearre stekken net by. De bisten moatte in frij libben ha en yn neat behindere wurde. Wy geane sa werom nei âlde tiden, mei ien ferskil. Yn dy âlde tiden wiene de minsken jagers. Sa kamen se oan har iten en sa regelen sa de eigen feiligens. Dat mei noch, út en troch. Dêr ha we wetten foar betocht. Yn de takomst sil dat grif ferbean wurde, want sjitten heart net by de natuerlike omstannichheden.

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 26 juny yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.

 

juny 29, 2021 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.