Aant Mulder: Elektrysk libje

juny 15, 2021 07:00

Kollum

De stoommasine makke yn de achttjinde iuw hieltyd mear opgong. Dy makke it mooglik om mei minder minsken mear wurk te fersetten. Dat wie belangryk foar fabriken, foar skippen en foar it spoar. De minsken diene minder, de apparaten mear. Der kaam in hieltyd grutter ferskaat oan apparaten dy’t it wurk diene. Yn 1859 waard de earste oaljeboarne ûntdutsen. Dat smiet nije enerzjyboarnen lykas peteroalje, benzine en disel op, fansels mei de fersmoarging dy’t dat fan gefolgen hie. Dêr waard net folle oer praat. Reek ferdwûn en wat men net seach, wie der net. Sa like dat alteast. Boppedat, de wrâld wie grut genôch.

Boarne: pixabay.com © Hans Braxmeier

In hieltyd grutter part fan de enerzjy kaam út gasfabriken en letter gewoan fan it gas út ’e grûn. Der kamen atoom- en elektryske sintrales. De neidielen fan gas en atoomenerzjy binne grut, benammen as it giet om de fersmoarging. Dat betsjut dat it elektrysk hieltyd mear sintraal komt te stean. Wy libje sa stadichoan yn in elektryske maatskippij. De stekker yn it stopkontakt en wy kinne wer fierder. It begûn allegearre sa’n bytsje mei de lúkse fan radio en telefyzje, fan stofsûger en kuolkast, fan waskmasine en kompjûter. Wy sjogge de sinnepanielen en de wynmûnen en wy tinke dat we goed oan ’e gong binne. Alles moat elektrysk wurde, net allinne de fytsen, de auto’s, de fleantugen, mar ek de noflike stoel, de bank, it bêd, de húshâldlike apparaten en net te ferjitten de ferljochting en de ferwaarming. Dat der folle mear sinnepanielen en folle mear en gruttere wynmûnen komme moatte ha we gjin problemen mei as se mar net te tichteby komme. Dan ha ’k it noch net iens hân oer Skiermûntseach dat om stroomkabels hast midstwa moat en de grutte heechspanningsmêsten dy’t middenyn yn it Fryske lânskip komme te stean. Wy ha stroom nedich en dy moat der dus komme.

Ik tink wolris al dat elektrysk is moai,
mar de taal hat dêr fan te lijen en net sa’n bytsje

As der gjin stekker yn it stopkontakt hoecht, hat it apparaat wol akku’s of batterijen nedich dy’t letter wer opladen wurde moatte. It betsjut likegoed dat der foar dat soarte fan apparaten wer stroom nedich is. It begûn allegearre lyts en ûnopfallend, benammen yn húshâldingen en sa. Handich, maklik, skjin. Men soe foar de aardichheid ris ynventarisearje moatte hoefolle fan sokke apparaten oft men brûkt. As de stroom útfalt, binne we ornaris gau it paad bjuster. Elektrisiteit hat makke dat we ús aardich allinne rêde kinne. Dêrsûnder ferkeare we letterlik en figuerlik yn ’t tsjuster mei ynienen noch mar ien mankrêft. De kâns is grut dat we stipe sykje by oaren, om inoar moed yn te sprekken en oplossingen te betinken. Protokollen dogge der net mear ta. Mei-inoar prate kin grif wer gewoan yn ús eigen taal, yn it Frysk dus.

Boarne: pixabay.com

Ik tink wolris, al dat elektrysk is moai, mar de taal hat dêrfan te lijen en net sa’n bytsje. Yn de tiid dat alles hânwurk wie en kloften folk op it lân of op it wurkplak stiene, moast goed ôfpraat wurde wat de iene en wat de oare die. Dat barde grif yn de taal dy’t se aldendei brûkten. Der wie romte foar lytse talen en dialekten. It wiene tiden dat der eins net skreaun hoegde te wurden. De eigen taal en dus it Frysk sa’t dat yn de eigen omkriten praat waard, wie de omgongstaal. Wa’t wat net wist wie samar op ’e hichte.

Dat is feroare. Minsken prate net folle mear. Alle omtinken giet út nei it bestjoeren fan grutte apparaten en masinen, sis mar dat se de hannen fol ha oan de automatisearring, de kommunikaasjesytemen en neam mar op. Der binne net folle minsken om mei te praten as der mar in pear minsken tusken kompjûters en masinen omrinne. Dêr komt by dat minsken mei in grut ferskaat oan kapasiteiten nedich binne en dy komme gauris rûnom wei. Wie der doedestiden tiid om efkes oer de gong fan saken te praten, dy tiid is der no net mear, it proses rint troch. Wa’t wat wol, moat dat yn in pear wurden sizze kinne en daliks begrepen wurde.

De meast sprutsen taal wurdt fansels foar kar nommen. It Hollânsk dus! Mar hoe lang noch? Wy hearre hieltyd faker dat foar ferkear en kommunikaasje foar it Ingelsk keazen wurdt. Dy elektryske wrâld, dat wurdt in Ingelsktalige wrâld. As de stekker derút lutsen wurdt, komt dy wrâld ta stilstân. Dat moat fansels net. Dat soe in ramp wêze. Stikem tink ik likegoed wolris dat we ‘disconnected’ wer gewoan ús eigen taal prate soene. Dat soe ik moai fine.

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 12 juny yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.

 

juny 15, 2021 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.