Aant Mulder: Draaioargels binne in geniet

juny 8, 2021 07:02

Kollum

It ûnthâld is net altyd like betrouber, mar dochs tink ik dat draaioargelmuzyk de earste muzyk west hat dy’t ik hearde. It hat der alles fan dat it tagelyk de muzyk is dy’t ik no it measte begjin te missen. Ik tink werom oan de merken mei draaimûne en sweef, dêr’t in ynboud draaioargel foar fleurige muzyk soarge. As bern draaiden we ús rûntsjes en as de draaimûne ta sweef omboud wie, besochten we swevend yn bakjes de beammen te reitsjen. De merkedagen yn it doarp rekken op de eftergrûn. Dêrfoaroer stie dat we stadichoan faker yn ’e stêd kamen, dêr’t yn guon winkelstrjitten samar in draaioargel stean koe, dat de prachtichste lieten spile. Fan draaioargelmuzyk wurd ik noch altyd fleurich. Ik bliuw graach efkes stean om te harkjen. Troch de koroana reitsje de stêden mei drokke winkelstrjitten, folle terrassen en spyljende draaioargels likegoed op ’e eftergrûn. Ik hoopje fansels dat soks aanst wer feroaret.

Pakesizzer Aafke efter de piano (foto: Janine Carels)

Draaioargelmuzyk hat dus grif de earste muzyk west dy’t ik hearde. Ik wit noch dat we thús gjin radio en telefyzje hiene en al hielendal gjin oare apparaten om muzyk hearre te litten. Heit en mem bespilen net in ynstrumint, sieten net op in korps. Se hiene wol wat oars te dwaan. Dat wie yn de tiid dat der wol ien kear yn it jier in pear dagen merke holden waard. Ik wit net better as dat we dêr alle jierren hinne giene en meidiene, earst mei heit en mem, letter sûnder en altyd mei te min bûsjild! Ik sjoch noch dy draaimûne fan de Dalstra’s dy’t yn stikken útinoar helle op in skûtsje nei it doarp ta lutsen waard. As de mûne stie en alles it die, wie it feest. De muzyk kaam út de draaimûne wei. Hoe’t it dêryn om en ta gie, wie foar ús hast net nei te kommen. Dat der prachtige melodyen út in boek mei gatten kamen, like hast wol op tsjoenen.

Hoewol’t ynstruminten, platespilers en net te ferjitten radio en telefyzje de oerhân krigen yn it harkjen nei muzyk, bleau de belangstelling foar it draaioargel bestean. Fan en ta seach men noch in oargelman draaien, mar hieltyd faker waard foar elektrysk keazen. Hoe’t houten pinnen yn de gatten fan de boeken foelen, bleau in moai gesicht. De wyn dy’t troch de pipen jage waard, hie prachtige muzyk fan gefolgen. Op de foarkant steane ornaris útwrydske en yn alle gefallen kleurige figueren dy’t de muzyk ritmysk begeliede. Hoewol’t net elkenien like wiis mei dy draaioargels yn it strjitbyld is, ha ik dus algeduerigen oanstriid en bliuw efkes stean, earst mei de bern, letter mei de bernsbern. Dy krigen dan wat jild om yn it sintebakje te dwaan. De oargelman kin ommers ek net fan de wyn libje.

Op de foarkant steane ornaris útwrydske en yn alle gefallen kleurige figueren dy’t de muzyk ritmysk begeliede

Ik hoopje dat nei koroanatiden de draaioargels of piereminten ek wer ûnderdiel wurde fan de geselligens yn de stêd. Hoewol, de oargelman krige it wol hieltyd lestiger om’t er konkurrearje moat mei de meganyske muzyk út de winkels wei. Hieltyd faker wurdt oan de oargelman en syn sintebakje foarbysjoen. Dat kin gjin stân hâlde. It tal aktive oargelspilers wurdt lytser. Op dit stuit moatte der noch sa’n sechstich oargelspilers wêze. Dat binne ornaris echte leafhawwers, dy’t inoar ek graach moetsje op draaioargelmanifestaasjes. Hieltyd mear draaioargels komme yn museums te stean. It Nationaal Museum van Speelklok tot Pierement yn Utert, dat no gewoan Museum Speelklok hjit, is dêr in moai foarbyld fan.

Pakesizzer Tim op de gitaar (foto: Aant Mulder)

Dat it draaioargel net daliks in Nederlânsk muzykynstrumint is, hoecht jin net te fernuverjen. Italië wurdt wol neamd as lân fan komôf. Rillegau waarden ek lytse oargels yn Frankryk en Dútslân sjoen. Dy lytse ynstruminten waarden stadichoan grutter. Om 1875 hinne waard it draaioargel ek gewoan yn ús stedsstrjitten. Yn it begjin fan de tweintichste iuw wiene it prachtige tiden foar de oargeldraaiers. Dêrnei kaam der hieltyd mear konkurrinsje fan radio en grammofoan. It draaioargel krige eat nostalgysks en dat is sûnt net mear feroare.

It draaioargel hat my as bern tichteby de muzyk brocht, Muzyk ha ’k altyd moai fûn en noch. Likegoed ha ik it sels aktyf net fierder brocht as it bespyljen fan de blokfluit, dat doedestiden in needsaak wie om skoalmaster te wurden. Hoewol’t ik wol mear wollen hie, is dat der net fan kommen. Dochs ha ik de bern altyd oantrune om muzyk te meitsjen. Dat wie net sûnder resultaat. De klarinet waard in ynstrumint dat faak en folle by ús yn ’e hûs heard waard. Wy giene nei útfieringen en genieten fan in grut ferskaat oan muzikale foardrachten. Dat wie doe sa. Dat is noch sa. De bernsbern wurde aardich betûft op gitaar en piano.

Wy fine it prachtich. Tagelyk hoopje ik dat it draaioargel de romte kriget om aanst as alles wer iepen is wer mei te dwaan. Mei in sintebakje komme de oargeldraaiers net botte fier. Draaioargels falle ûnder ymmaterieel erfgoed, dat men soe hoopje dat ús bestjoerders der ek wat subsydzjejild foar oer ha. It bringt mear fleur yn de stêden as de meganyske muzyk. Op dit stuit jouwe âldereintehuzen it goede foarbyld. Dy freegje gauris in draaioargel om del te kommen en de boel op te fleurjen. Jimme kinne it leauwe of net, mar wylst ik dit ferhaaltsje sit te skriuwen, hear ik by it âldereintehûs Talma Hiem yn Balk in draaioargel spyljen. Moaier kin hast net. Ik genietsje.

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 5 juny yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.
juny 8, 2021 07:02
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.