Aant Mulder: Diskusje plaknammen sûnder ein

juny 22, 2021 06:47

Kollum

De diskusje oer plaknammen yn Fryslân sil wol nea ta in ein komme. Wy ha al aardich wat diskusjes belibbe. Ik tink oan De Fryske Marren, Súdwest-Fryslan en Waadhoeke. De dikusje oer de plaknammen yn Noardeast-Fryslân is no oan ’e oarder. De arguminten foar en tsjin yn dy diskusjes binne yn syn algemienens sa njonkelytsen wol bekend. Der wurde altyd prachtige ferhalen holden en elkenien is oertsjûge fan syn eigen gelyk. Dêr binne we Friezen foar.

De diskusje oangeande it komôf fan de namme en dêrom de kar foar de iene of de oare mooglikheid is alle kearen weroan nijsgjirrich. Dêr bliuwt it ornaris by. As echt stânpunten ynnommen wurde moatte, giet it om oare arguminten. It plak soe bygelyks net mear fûn wurde kinne. De namme soe te folle komme te lykjen op oare nammen en sa fierder. As de foarstanners fan de feroaringen oanhâlde, wurde gauris de finânsjes yn de striid goaid. Dy pear nammen feroarje soe fierstente djoer wurde. As we de gemeente Noardeast-Fryslân leauwe moatte, is in heal miljoen samar útjûn! Dat jild kin better oars brûkt wurde, fine de tsjinstanners. De foarstanners ha minder arguminten, tink ik wolris. Dy sizze, dat it moai is om de eigen Fryske nammen werom te krijen. Dat jout likegoed swierrichheden. Gauris wurdt de fraach steld wat histoarysk besjoen de goede namme is en hoe’t dy dan skreaun wurde moat. It terpdoarpke Waaxens yn Noardeast-Fryslân yn it Hollânsk mei in ‑x- of yn it Frysk mei ‑ks- is wer sa’n foarbyld.

De plaknammediskusje hat sa stadichoan in bûnt ferskaat oan oplossingen opsmiten. Ientalich Nederlânsk en ientalich Frysk. Dat binne de útsûnderingen. Ornaris steane beide nammen op it plaknammeboerd, de iene boppe en de oare derûnder. Wy mienden sa stadichoan allegearre wol te witten dat it om de boppeste nammen giet. Dy namme komt ornaris as offisjele namme yn de gemeentlike basisadministraasje te stean (GBA). De Fryske Marren hat lang om let keazen foar de Fryske namme boppe-oan, mar likegoed komt de Hollânske yn de GBA mei útsûndering fan Terherne. Yn Súdwest-Fryslân waard keazen foar Hollânsktalige nammen, op de fiif doarpen yn it eardere Boarnsterhim nei. Yn Waadhoeke waard wer oars besletten. Dêr bliuwt it sa’t it wie, foar in part Frysktalich, foar in part Hollânsktalich. It haadplak hâldt dus de Hollânsktalige namme Franeker.

Werom nei Noardeast-Fryslân. Dêr krije de doarpen en stêd Fryske nammen, útsein dy doarpen dy’t tsjin Grinslân oanlizze en dêr’t net folle Frysk praat wurdt. Dat betsjut dat sa’n 25 plakken yn de beneaming komme om de nammen te feroarjen. Dat liket dúdlik, mar dat is it net. Dat komt, om’t de doarpen sels beslute meie oft se in Fryske namme ha wolle of net. Guon doarpen lykas Waaxens en Hiaure ha al oanjûn net in oare en dus net in Fryske namme hawwe te wollen.

Fêsthâlde oan âlde staveringen hat net folle doel, om’t nammen en skriuwwize troch de iuwen hinne feroare binne

Dat betsjut dat de grutste helte fan de sawat 45 ynwenners de namme hâlde wolle sa’t dy is: Waaxens mei in ‑x-. De arguminten binne om stil fan te wurden. Sy wolle gjin betizing mei Waaksens yn Súdwest-Fryslân, want dat wurdt al mei ‑ks- skreaun. De ferskillen binne fansels net te hearren, dat is dúdlik. Dy binne allinne op de buorden te sjen. It docht my tinken oan de diskusje fan earder: Raard by Dokkum mei ‑aa- en Raerd by Snits mei ‑ae-. De ferskillen tusken de ‑aa- en de ‑ae- binne ek net te hearren, allinne te sjen. Ik moat der noch hieltyd om tinke. Wat my oanbelanget kinne dy doarpen better gewoan mei ‑aa- skreaun wurde en dan mei de ôfkoarte gemeentenammen der efter: Raard (Noardeast) en Raard (Súdwest). Dat soe dúdliker wêze. Datselde soe jilde kinne foar Waaksens (Noardeast) en Waaksens (Súdwest). Tink ek oan Aldegea (Smellingerlân, Súdwest en De Fryske Marren).

Dat oare argumint, fêsthâlde oan âlde staveringen, hat net folle doel, om’t nammen en skriuwwize troch de iuwen hinne feroare binne. Waaxens is dêr in moai foarbyld fan. It hie yn de 9e iuw de namme Wacheringe mei ‑ch-. Dat waard letter Wasginge mei ‑sg- en yn de 13e iuw Waxinge mei in ‑x- . Sûnt wurdt de ‑x- dus skreaun en dêrom soe dat sa bliuwe moatte. De ynwenners geane foarby oan de âldere nammen. Wêrom dy ‑x-? As troch de iuwen hinne de nammen en de skriuwwizen feroarje, wêrom soe dat dan no net kinne?

Dat soe oars wat wêze. Foar alle doarpen en stêden de âldste namme yn de âldste stavering op de buorden! Dat soe hiele nijsgjirrige diskusjes opsmite, dêr’t we net út komme en dêr’t we it net oer iens wurde. No’t dat sa is, liket it my de baas ta en nim de gongbere namme foar kar en skriuw dy namme yn de gongbere stavering op. No’t dat om it Frysk giet en dat liket my yn in provinsje as Fryslân wol logysk ta, soene we de gongbere Fryske namme yn de gongbere Fryske stavering foar kar nimme moatte. Waaksens mei ‑ks- dus.

Ik soe wolle dat soks net allinne yn Noardeast-Fryslân sa dien wurde soe. Dat guon nammen deselde binne, hinderet neat. Yn ús lân binne der al mear as fjouwerhûndert plaknammen dy’t twa of trije kear foarkomme. Dat is ek net allinne by ús sa. Sjoch mar ris oer de grinzen hinne: Krichdorf am Inn, Kirchdorf an der Iller, Kirchdorf im Wald of Neudorf (Dietenhofen), Neudorf (Eutin). Sa binne der folle mear. Wat dêr kin moat hjir ek kinne.

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 19 juny yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.
juny 22, 2021 06:47
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Cor Jousma foar de Topografyske Wurkgroep Fryslân juny 22, 09:06

    [Dat komt, om’t de doarpen sels beslute meie oft se in Fryske namme ha wolle of net.]

    Dêr sit no krekt de betizing. It brief fan it kolleezje oan de doarpsbelangen is dúdlik. Der komme Frysktalige plaknammen en dan kin der keazen wurde foar in ‘histoaryske’ of dialektyske fariant. In Fryske fariant dus.

    Doe’t dy twa jongbazen yn harren konsept foar it CU + FNP amendemint it begryp ‘histoarysk’ opnamen, hiene se harren efkes ferdjipje moatten yn de matearje. Ien telefoantsje en wy hiene harren wiisd op it feit dat it ‘Europeesk Hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden’ in folle dúdliker omskriuwing brûkt. Dat brûkt de begripen ‘tradisjonele en krekte foarmen’. Mar ja, yn ús lân is eltsenien master yn ‘e plaknammekunde.

    Fan in plak as De Lytse Jouwer binne der wol acht of mear ‘histoaryske’ skriuwwizen. Tsjinstanners sille fansels foar de foarm Hiaure kieze dy’t min of te mear sjoen wurdt as Nederlânsktalich. Mar it Hânfêst freget om de foarm dy’t yn de hjoeddeiske Fryske tradysje stiet en ek nochris foldocht oan de krekte stavering en dan komme jo nei in tydsje kôgjen en priuwen op de foarm De (Lytse) Jouwer.

    De ‘x’ yn in rist ‘histoaryske’ foarmen fan Waaxens liket foar master op te slaan, mar foldocht net oan it begryp krekte foarm fan it Hânfêst.
    No hawwe yn ‘e oanrin nei de weryndieling dy trije gemeenten, de provinsje en it ryk opskreaun dat se harren oan it Hânfêst hâlde sille, dus dy ‘x’ sil by eintsje beslút ek belies jaan moatte.

    Plaknammekunde en net te ferjitten de problematyk deromhinne is mear as lange halen gau thús…

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.